Waarpraatsje: Pear dagen maitiid

maart 28, 2021 18:15

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in wykein mei in soad wyn en snein bleau it ek net hielendal drûch. Fan moandei ôf krije wy in pear tige mylde dagen.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei klearret it op. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

Moandei skynt de sinne flink, mar der kin earst ek wat hege bewolking wêze. Yn it Waaadgebiet is der, nei alle gedachten, wat minder sinne. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is matich. Op de Waadeilânen wurdt it goed 10 graden mar op it fêstelân fan Fryslân kin it wol 15 graden wurde.

Tiisdei wurdt it noch wat mylder.

Jan Brinksma

maart 28, 2021 18:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.