Waarpraatsje: Noch ien dei maitiid

maart 30, 2021 18:54

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei yn hiel Nederlân in strieljende maitiidsdei en Fryslân die no goed mei. Woansdei sjocht it waar der ek poerbêst út.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. De swakke wyn giet nei it súdeasten en mei in graad of 4 is it wer in frisse nacht.

Woansdei skynt de sinne wer hast de hiele dei. Tsjin ‘e jûn kin der ek wat hege bewolking komme. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matich. Yn ‘e middei waait de wyn by de kust lâns fan see. De temperatuer leit tusken de 16 graden op de Waadeilânen en goed 20 graden op it fêstelân fan Fryslân.

Fan tongersdei ôf wurdt it in hiel stik kâlder. It skeelt in jas.

Jan Brinksma

maart 30, 2021 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.