Waarpraatsje: De jas kin wer oan

maart 31, 2021 18:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljende en tige mylde maitiidsdei wurdt it fan tongersdei ôf wer in hiel stik kâlder.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje wat opklearringen en bewolking inoar ôf. De wyn is swak en komt earst út ferskate rjochtingen, letter giet de wyn nei it noarden en boazet er wat oan. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne geregeld, mar der is ek bewolking. De noarde- oant noardeastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 9 en 12 graden.

Freed feroaret der net folle. It mylde waar komt foarearst net werom.

Jan Brinksma

maart 31, 2021 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.