Untdek thús de ‘Ferhalen fan Fryslân’ út it Frysk Museum

maart 20, 2021 08:34

Elkenien kin no de presintaasje Ferhaal fan Fryslân fan it Frysk Museum online ûntdekke fia virtueletour.ferhaalfanfryslan.nl. Njonken de fêste opstelling binne ek ferskate wikselpresintaasjes út it Frysk Museum te besjen yn in 360 grade-omjouwing. Besikers kinne de útstallingen, dy’t fanwege de koroanakrisis op it stuit net fysyk te besytsjen binne, op harren pc, tablet of snoadfoan besjen.

Foto: Roelof Lars

Nijsgjirrige objekten online
Oan ’e hân fan goed hûndert nijsgjirrige objekten is yn dizze tour te ûntdekken hoe’t Fryslân troch minsken makke is, wat Frysk is en wat miskien wol hielendal net. Sa is bygelyks ek te ûntdekken hoe’t de skilderijen fan Lourens Alma-Tadema ús byld fan de klassike âldheid bepaald hawwe. Of Margaretha Zelle te moetsjen, it famke efter de ikoanyske Mata Hari. En mear oer Grutte Pier te learen oan ’e hân fan syn swurd, en it fûnkeljende sulver en goud fan de Poptaskat en de midsiuwske fibulate ûndekken.

Fryslân yn in protte ferhalen
Mei Ferhaal fan Fryslân komme de besikers op in ferrassende manier yn ’e kunde mei Fryslân. Hoe is Fryslân ûntstien, wat is typysk Frysk en hoe seagen keunstners troch de jierren hinne nei de provinsje en syn ynwenners? It ûntstean fan Fryslân stiet sintraal yn de ynliedende animaasjefilm Fries Land. Yn de presintaasjes De Terp en De Dijk is te sjen hoe’t Fryslân al mear as 2000 jier striid fiert tsjin it wetter. Foar de eksposysje De Elf Steden fotografearre Hans Wilschut de Fryske alve stêden plus Drachten en It Hearrenfean. Yn it ynterieur fan de Hylper keamer fiele minsken har as wiene se yn de njoggentjinde iuw.

Foarfilmke fan de online tour Ferhaal fan Fryslânyoutu.be/xnNYziMSO6U.

Rûnlieding by Fryske tsjerken lâns
De útstalling Uit het prentenkabinet: rondje om de kerk makket ûnderdiel út fan de firtuele tour. Mei de útstalling wurdt it fyftichjierrich jubileum fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken fierd. De stifting hat as doel om bysûndere monumintale tsjerkegebouwen te behâlden en in nije bestimming te jaan. Oer dy tsjerken is mear te witten te kommen yn in spesjale online rûnlieding, jûn troch konservator âlde keunst Marlies Stoter. Te besjen yn de firtuele tour en op de webside fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Konservator Marlies Stoter (foto: Frysk Museum)

maart 20, 2021 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.