Universiteit Kiel siket nije perfester foar Frysk

maart 10, 2021 14:20

Foto: Folia

It is miskien in unikum: in baan dêr’t in goede kennis fan it Frysk in eask foar is, wylst sollisitanten twa jier de tiid krije om de lânstaal te learen. Dochs stiet it sa yn de fakatuere foar in nije heechlearaar Frysk oan de universiteit yn it Dútske Kiel. It is ien fan de trije universiteiten yn Dútslân mei in learstoel Frysk en de iennichste dêr’t men op alle nivo’s – fan byfak oant en mei in Master – Frysk studearje kin.

De sittende perfester is sûnt 1999 Jarich Hoekstra. De namme ferriedt al dat er út Fryslân tusken Fly en Lauwers komt. Hoekstra is net allinne goed thús yn syn eigen Frysk, mar ek yn it Noard-Frysk. Hy hat dêr in protte ûndersyk nei dien. Hoekstra wurdt ynkoarten mjirkes en de universiteit siket in opfolger. It moat ien wêze dy’t sawol fan de Fryske taalkunde in soad wit as fan minderheidstalen. De kandidaat kriget twa jier de tiid om him ta te rieden op it jaan fan Dútsktalige kolleezjes.

De fakatuere is hjir te finen.

maart 10, 2021 14:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.