Unike gearwurking Noard-Nederlânsk Orkest en Prinsessehof

maart 9, 2021 08:51

Yn ’e simmer fan 2021 presintearret Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert Maria Louise was here. Fan 9 july ôf skowe besikers acht wykeinen lang oan yn de tún fan it stedspaleis foar in spektakulêre Son et lumière. In koroanaferantwurde simmerjûnspektakel dêr’t fideoprojeksjes, muzyk en ljocht byinoar komme.

NNO (foto: Mariska de Groot)

It projekt is freed 5 maart begûn mei it opnimmen fan it muzykstik troch it Noard-Nederlânsk Orkest. Komponist Max Knigge skreau it stik spesjaal sa dat 29 musisy fan it NNO it spylje koene binnen de no jildende koroanamaatregels. Maria Louise was here is ûnderdiel fan de Nassausimmer, in gearwurkingsprojekt fan de Gemeente Ljouwert, Merk Fryslân, it Prinsessehof en it Nederlands Bureau voor Toerisme & Congressen.

It simmerjûnspektakel is fan 9 july dit jier ôf te sjen yn de tún fan it Prinsessehof en omfettet fideoprojeksjes op de achtergevels, in spesjaal komponearre muzykstik, bysûndere beljochting fan de tún en in nijsgjirrich râneprogramma. Mei it opnimmen fan it muzykstik is it projekt offisjeel fan start gien. Besikers ûndergeane it muzykstik op de simmerjûnen op meislepende wize. Fan 9 july ôf is Maria Louise was here alle tongersdei-, freed- en sneontejûnen twa moanne lang te sjen.

Pikant en poëtysk
Maria Louise was here sketst in modern portret fan in sterke frou yn in troch manlju dominearre wrâld: Maria Louise fan Hessen-Kassel, Prinses fan Oranje-Nassau (1688-1765), foarâlder fan ús hjoeddeiske kening. Teatermaker Jos van Kan hat de regy. Mei mediakeunstner Frouke ten Velden jout er it projekt foarm op poëtyske en pikante wize dêr’t de arsjitektuer fan it Prinsessehof handich by brûkt wurdt. Yn it fideokeunstwurk wurdt Maria Louise fertolke troch aktrise Ariana Schluter.
 
Hofstêd Ljouwert
Yn de simmerfakânsje set Ljouwert de skynwerper op syn Nassauferline mei ferskate kulturele aktiviteiten om it tema ‘Maria Louise en de Nassaus’ hinne. It Prinsessehof hat syn namme te tankjen oan de stammem fan ús keningshûs: Maria Louise fan Hessen-Kassel, prinses fan Oranje-Nassau. In yntime eksposysje yn it stedspaleis jout in blik achter de skermen fan har ynteressante libben. Oan de hân fan portretten, printen, tekeningen en in Oranje-stambeam wurdt dúdlik dat Maria Louise krúsjaal west hat by it behâld fan de Oranjedynasty. De eksposysje is, mei in stylkeamer, in fêst ûnderdiel fan it museum.

maart 9, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.