Unferwachte ekstraatsje foar de Fryske taal fan minister Ollongren

maart 24, 2021 20:23
Foto: Ministearje fan ynlânske saken

Hoewol’t in demisjonêr kabinet eins gjin grutte besluten mear heart te nimmen, makket minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren in útsûndering foar it Fryske taalbelied. Op ‘e falreep hat hja tasein dat se út namme fan it kabinet mei de provinsje Fryslân soargje sil foar folle mear Frysk yn de iepenbiere romte.

De tasizzing docht hja om in moasje fan de Fryske Twadde Keamerleden Aukje de Vries en Harry van der Molen út te fieren. Dy waard ferline jier oannommen. Mei it omdopen fan in gearkomsteromte op har ministearje nei Fryslânseal hat hja der okkerdeis al in begjin mei makke.

It stiek in protte Friezen dat it formulier foar donorregistraasje, de lanlike koroana-app en de eigen ferklearring foar bûtendoar wêzen nei de jûnsklok wol yn bûtenlânske talen beskikber wiene, mar net yn it Frysk. Der moast hieltyd aksje út Fryslân komme foardat de Ryksoerheid Frysktalige ferzjes levere.

De nije tasizzing fan frou Ollongren is in oanfolling op de Bestjoersôfspraak fan 2019. Hja sil mei deputearre Sietske Poepjes allegear oerheidsynstânsjes oanfiterje om bygelysk yn it Frysk te kommunisearjen, Frysktalige buordsjes te brûken en it Frysk op oare wizen sichtberder te meitsjen.

maart 24, 2021 20:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.