Undersyk nei wrâldwide bistestjerte troch koroanaôffal

maart 25, 2021 08:55

Foto: pixabay.com

Twa Leiske ûndersikers besykje yn kaart te bringen hoe faak oft en wêr’t bisten stjerre troch koroanaôffal. Biologen Auke-Florian Hiemstra fan Naturalis yn Leien en Liselotte Rambonnet fan de Universiteit Leien kamen foaral ferhalen tsjin oer mûlekapkes dy’t opfretten binne troch bygelyks pinguins en hûnen. “Bisten reitsje ferswakke troch de fertizingen, of se ferhongerje troch it plestik yn ’e mage”, seit Rambonnet.

It earste Nederlânske slachtoffer is neffens it twatal in deade bears dy’t fertize rekke wie yn in lateks mof. Koroanaôffal laat net inkeld ta problemen foar bisten. Sa brûke fûgels mûlekapkes by de bou fan nêsten, fertelt Hiemstra. “Ferpakkingen fan bûsdoekjes waarden ek weromfûn yn nêsten. Dat sels de symptoamen fan covid-19 sjocht men werom yn de bousels fan bisten.”

Oant no ta hawwe de ûndersikers harren befiningen basearre op nijsberjochten en berjochten op sosjale media fan ûnder oaren fotografen, fûgelers en bistedokters. Om in folsleiner byld te krijen, roppe se it publyk op om bistestjerte troch koroanaôffal te melden op covidlitter.com.

maart 25, 2021 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.