Ule-oerlêst

maart 27, 2021 20:00

Kollum

Rûnom ferkeart de wrâld yn ’e stress. Dêrfoaroer hearsket der by ús yn Nijhoarne in serene, natuerlike rêst. Gjin jongfolk dat it toeretalberik fan in âld BMW probearret, gjin fleanmasinen heech oer, gjin bakjerinner oan ’e doar. Miskien in bytsje oerlêst fan in DHL-buske mei breanedige webshoppakjes, no en dan in hûn dy’t de fytsende skoalbern útblaft, ien twa drokke fûgels yn ’e iere moarntiid of in oerdwealske maartske kat, mar fierders genietsje de Nijhoarnsters fan in ûnwerklike rêst. Fier foar njoggenen jûns is it op ’e buorren al mûsstil.
Der is ien keardel dy’t de rêst fersteurt en dat bin ik.

De efterkant fan ús wenning ha wy ferline jier oanpakt en no binne de trije oare kanten oan bar. Gjin saak fan wat plantsjes omsette, in pear túntegeltsjes of hjir en dêr wat oanklaauwe, nee it wie in grut karwei. Aardich wat konifearen en in taksushage fan minstens trije meter heech moasten wike. Myn kettingseage is no net bepaald stil en it kraantsje om de stobben derút te heljen joech ek in soad oerlêst. De stiennen moasten derút en dan wie der noch it ôffieren fan it hiele takke- en stobbesoadsje troch in baas fan in frachtwein mei in jûkel fan in kontenerbak dy’t trije kear hinne en wer ride moast. Mei oare wurden, foar salang’t it duorre wie it in leven en lawaai foar twa.

Al in pear jier sit der in stel ûlen yn de hege krystbeam neist ús hiem. Se sitte der alle dagen, ek yn febrewaris doe’t it djip ûnder nul wie en se wykten ek net doe’t it letter sa stoarme. Meastal sitte se beide mei de rêch nei ús ta en in pear meter útinoar, mar meidat ik oan it seagjen wie, sieten se dizze kear moai njonkeninoar. Se wiene wakker nijsgjirrich en krekt dat brocht my wat yn ûnstjoer. Dy hege taksushage dêr’t se op delseagen, hearde miskien wol by harren habitat. En dan it helle lûd fan de kettingseage en letter nochris it leven fan it kraantsje en it hinne-en-werjen fan de frachtwein. Aansens naaie se der noch út en dat wie no myn doel ek wer net. Mar nee, it wie krekt as sieten se goedkarrend mei de flerken te klappen.

“Heya, heya”, rôp de iene. “Moai sa, fuort mei dy taksusrommel”, sei de oare.
“Binne jimme net lilk?” woe ik witte.
“Wat komt derfoar yn ’t plak”, frege it froutsje, dy’t it meast kritysk wie.
“Hooplik fan dy echt hege krystbeammen”, sei it mantsje.
“Ja,” sei it froutsje fleurich en seach har ûleman oan, “dan moatsto dy fette man mar fertelle hoe fier oft dy útinoar stean moatte. Soks wit er perfoarst net.”

No wie ik gjin oare beammen fan doel, mar in carport. Kin ik dat dy beide ûlen eins wol oandwaan, frege ik my ynienen ôf. Soene se überhaupt wol witte wat in carport is? No moat men in minske al net ûnderskatte, mar in ûle noch folle minder.
“Och, harrejakkes, in carport? Moat dat no?” sei frou ûle.
“Net sa seure,” sei hy tsjin har, “dy man hat in Defenderke en sa’n ding mei net wiet wurde.”
“Hoe is it mei de fûgelwrâld,” frege ik om it praat oer in nofliker latte te naaien, “noch lêst fan de koroana?”
“It is maitiid,” sei er, “alle fûgelfroutsjes wurde no ynjektearre.”
“Do idioat,” sei frou ûle en sloech him mei de rjochterflerk om ’e kop, “dat is fan in hiel oare oarder.”
“Hee,” sei ûleman, “dy goudyp hast ek al fuorthelle. Moast dat no? Dêr mocht ik dochs sa oeribele graach yn sitte. De beam hie flink wat mear nivo as sa’n krystbeamke.”
“Spyt my,” sei ik, “dy moast ek wike foar it nije ôfdak. Mar ik ha goed nijs foar jimme: ik sil nije goudipen plantsje, wol fjouwer.”
“Mm, earst sjen, dan leauwe”, sei er.
“Hast net botte betrouwen yn ’t minskdom?”
“Nee, en dat komt troch dy. Do hast ferline jier ús in moai nachthok tasein.”
“Dat hinget der ek, sjoch yn dy beam dêr, spesjaal foar jimme! Noch net sjoen?”
“Dy rare bak? Mar dêr krûpe wy net yn, dy is foar gewoane grize ûlen.”
“O ja? Jimme lange earûlen sitte fansels aardich wat heger yn ’e beam fan oansjen. Wat hiene jimme dan yn gedachten?”
“In moaie iepen bungalow”, sei froutsje ûle.
Mantsje ûle stuts in flerk omheech. “En ik wol der in carport by, tink der om!”

Moat meikoarten mar wer oan it timmerjen. Sil wol aardich wat minder oerlêst jaan.

maart 27, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.