Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten

maart 5, 2021 21:50

In frommeske fan Drachten moat ta de beurs om’t hja in plysjefrou tenei west hat. It minske, yn har fiifenfyftichste, foel by in húsbesiking yn 2018 by har mem oer de plysje gear. It gie op in wrakseljen en plokhierjen. De plysjefrou rekke in tûfe fan har prûkje kwyt.

It razende frommes krige in boete fan 250 op betingst. Fierders moat se de plysjefrou 200 euro smertejild betelje. Om’t it minske sels by it wrakseljen tsjin ‘e ferwaarming oan kommen wie. Hja sei dat de plysje “grof geweld” tsjin har brûkt hie. Dêr wie de rjochter it net mei iens.

maart 5, 2021 21:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.