Tsjerke op Urk lit koroanamaatregels foar part los

maart 24, 2021 10:34

Urk (foto: Wikipedia – publyk domein)

De Siontsjerke op Urk lit de koroanamaatregels foar in grut part los. De tsjerke seit yn Trouw temjitte komme te wollen oan “de need en it geastlik wolwêzen” fan de gemeente. “It is net dat we it op Urk better witte, of dat we net nei de oerheid harkje wolle. Wy wolle hearrich wêze oan de oerheid, mar wol yn gearhing mei Gods geboaden”, seit in âlderling en wurdfierder fan de tsjerke.

Yn ’e tsjerke kinne sa’n 500 minsken. Sûnt snein mei elkenien sûnder sûnensklachten komme, men hoecht gjin mûlekapke te dragen en de oardelmeterregel is ek net ferplichte. Yn ’e praktyk sitte húshâldens neffens de âlderling faak wol op oardel meter faninoar.

De tsjerkeried is ûntefreden oer it oerheidsbelied. Der soe te min nei oplossingen socht wurde en op de psychyske need fan minsken soe net let wurde. Om dy reden soene mear tsjerken de beheiningen loslitte.

Der jildt gjin hurde regel foar it tal besikers dat in tsjerke ûntfange mei. Wol is it advys om net mear as tritich minsken ta te litten. Advisearre wurdt ek om net mei-inoar te sjongen.

maart 24, 2021 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.