Tritich lannen fiere de krêft fan teäter in jier nei de koroanasluting

maart 3, 2021 09:10

Op 13 maart 2020 moasten hast alle teäters op ’e wrâld de doarren slute fanwege koroana, sa ek skouboarch De Lawei. No in jier letter wurdt yn mear as tritich lannen op 13 maart 2021 de foarstelling Wit Konijn Rood Konijn spile om dêrby stil te stean. Yn teäters oer de hiele wrâld, fan Argentinië oant Australië en fan Yndia oant Nederlân, gean akteurs it toaniel op om de krêft fan teäter sjen te litten. In ynternasjonale fiering fan ynspiraasje, ferbyldingskrêft en it bewiis dat kreativiteit altyd tsjinslach wjerstean kin.

Foto: Niko Pakvis

Yn Nederlân stappe ferskate akteurs it toaniel op om it stik Wit Konijn Rood Konijn te spyljen. Yn Drachten is dat Marjolein Ley. De tekst fan it stik sit yn in fersegele slúf. De akteur iepenet op it poadium de slúf. Mei de steapel beskreaune fellen yn ’e hân begjint hy of sy, sûnder tarieding, oan in earste lêzing dy’t fuortdaliks de definitive útfiering is. Dat jout de krêft oan fan de prillens, fan it feit dat teäterkeunst flechtich is en nea wer krekt-en-gelyk oerdien wurde kin. Mei it publyk ûntdekke de spilers ûnder it lêzen en spyljen de ynhâld fan de ynternasjonale teäterhit Wit Konijn Rood Konijn fan de Iraanske skriuwer Nassim Soleimanpour. Dat stik is sûnt de premjêre tsien jier lyn yn mear as 25 talen oerset, ûnder oare yn it Nederlânsk en is al tûzenen kearen opfierd. En hieltyd troch oare akteurs. Want wa’t it ien kear spile hat, ken it stik, en mei it net noch in kear spylje.

Livestreams
Fanwege de koroanamaatregels is it de Nederlânske teäters net tastien om publyk te ûntfangen, mar fia livestreams sette se de doarren iepen. Fan Drachten oant Venlo, fan Alkmaar oant Eindhoven nûgje de Nederlânske skouboargen harren besikers út om op sneon 13 maart út de hûskeamer wei diel út te meitsjen fan in grutte, ynternasjonale teäterbelibbing.

It Aurora Nova Theater yn Berlyn hat it inisjatyf nommen om mei de ynternasjonale teätermienskip op 13 maart stil te stean by it feit dat de measte teäters oer de hiele wrâld al in jier sawat stilstean. Alle teäters sille yn harren eigen tiidsône om 20.00 oere begjinne mei Wit Konijn Rood Konijn yn de eigen taal. De krêft fan teäter sil 24 oeren lang oer de ierdbol trilje, fan New York oant Panama City, fan Minsk oant Medellin, fan Uppsala oant Istanbul. En yn hast tritich Nederlânske stêden.

maart 3, 2021 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.