Toaniel gjin literatuer?

maart 4, 2021 09:57

Skôging

Is toaniel gjin literatuer? It antwurd is fansels: jawis, toaniel is ek literatuer. Soe it antwurd ‘nee’ wêze, dan soe bygelyks Shakespeare fan it toaniel ferdwine moatte. Untinkber!

Dochs hâldt de fraach my dwaande.
Soe it sa wêze kinne, dat it Frysk, tusken de noch altyd mear as twatûzen talen dy’t de wrâld telt, sa’n eigen plak ynnimt, dat toaniel ferballe wurde moat nei de fodkkoer fan it skreaune wurd?

Foar alles bestiet yn Fryslân omtinken: it ferskinen fan gedichten, romans, koarte ferhalen, lieten, oersettingen, en wat noch mear oan papier en skerm tafertroud wurde mei. Royaal omtinken sels. In prima saak!

Mar wêr bliuwt de oandacht foar toaniel?
Lêzen is belangryk, mar in taal brûke om út te sprekken, om minsken en tastannen mei yn byld te bringen, net minder.

Wannear stiet der oer toaniel wat yn de krante? As Tryater in nij stik útbringt – ja, dan. Mar in krityske beskôging fan de tekst wurdt hast altyd benefterlitten. Skreaun troch Bauke Oldenhof, stiet hielendal oan ’e ein. It is wier, de namme stiet yn dit gefal garant foar kwaliteit.

Der binne net mear Bauke Oldenhofs yn Fryslân, mar grif wol mear toanielskriuwers. As dy net kritysk folge wurde, dan wurde se net stimulearre om harren wurk op in heger peil te bringen.

De tiid dat it amateurtoaniel yn de Ljouwerter en it Frysk Deiblêd noch in plak krige, liket foarby. Dat is miskien mei it gefolch fan it weromrinnen fan it tal toanielferieningen, mar der binne altyd noch sa’n twahûndert, mear as genôch om oandacht foar te hawwen. It amateurtoaniel – foar in grut part groeid út de Fryske Kriten – hat in geweldige bydrage levere oan it brûken fan de Fryske taal, kin dêryn ek no in rol fan betsjutting spylje.

Der wurdt ek noch altyd foar skreaun, mar resinsearre wurdt der net. Spitich. Mear omtinken kin net alline de Frysktalige toanielskriuwerij op in heger peil bringe, mar der ek ta bydrage dat de selskippen minder gau kieze foar in oersetting út it Hollânsk of in oare taal.

’t Is tiid dat immen as in Halbertsma yn ’e koer omsneupet.

Inger Wets

maart 4, 2021 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.