Taalfilmke Praat mar Frysk #6

maart 16, 2021 15:00 Fernijd

By Omrop Fryslân wie yn 2012 in rige minyprogramma’s oer it Frysk te sjen, makke yn gearwurking mei Praat mar Frysk. Taalkenner Henk Wolf en presintator Brecht Wassenaar gean de strjitte op mei in apart wurd of nijsgjirrige taalfraach dêr’t men thús ek oan meidwaan kin. Besjoch de filmkes op It Nijs!

maart 16, 2021 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ed Knotter maart 20, 08:59

    Yn maaie meane wy it gers. Dat mei goed Frysk wêze, mar lykwols kin it wol wat Frysker: Yn maaie gersmeane wy. Yn it Fryske wurde gearstalde tiidwurden ornaris minder gau skaat; tink oan toskboarstelje, jirpelskile, kofjedrinke en noch folle mear.
    Dat de formulearring ‘wy meane it gers’ net kretk itselde útdrukt as ‘wy gersmeane’, jout moai oan dat taalferskil in ferskil yn tinken betsjut. Ferskil yn taal en wize fan útdrukken sit altyd in ferskil yn tinken, yn sjen en skôgjen ûnder.
    It is noch in nijsgjirrige opjefte om it ferskil yn de beide formulearrings ûnder wurden te bringen.
    Wa wol it besykje?

  2. Johannes Rozenga maart 20, 13:05

    Ik wol it wol besykje:
    “Yn maaie meane wy it gers”. Wy sille it dan dwaan.
    ‘Yn maaie gersmeane wy”. Els jier yn maaie gersmeane, it is in gewoante.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.