Súdwest-Fryslân wint by Global Goalsferkiezing

maart 14, 2021 08:52

Súdwest-Fryslân is ien fan de trije winners fan de jierlikse Global Goalsgemeenteferkiezing fan de VNG. De gemeente kaam as bêste út de bus yn de kategory ‘fisjonêr’. De beide oare winners binne Noordenveld (kategory ‘ferbiner’) en De Haach (‘grinsferlizzer’). De winners waarden tongersdei 11 maart bekendmakke by de moeting fan de Global Goals Gemeenten, in jierliks evenemint fan de Feriening Nederlânske Gemeenten (VNG). De moeting wie diskear digitaal.

Wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân (Foto: ©Hoge Noorden/Jaap Schaaf)

Mondiaal tinke, lokaal dwaan
Foar Súdwest-Fryslân is wurkjen mei de wrâlddoelen in kwestje fan hieltyd de gearhing sjen, en de fysike, sosjale en ekonomyske aspekten mei-inoar yn balâns bringen. “Troch te ferbinen en kânsen te pakken, wurde duorsume ûntwikkelingen realisearre”, seit wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân. Dat stiet ek sintraal yn de Omjouwingswet, dy’t mei yngong fan 2022 fan krêft wurdt.

“Wy dogge it mei-inoar”
De Man: “Yn ús omjouwingsfyzje fertale wy de wrâlddoelen nei it deistich belied en de gemeentlike aktiviteiten. En it wichtichste dêryn is: wy dogge it echt mei-inoar. Dêrfoar sykje wy gearwurking mei de mienskip, partners lykas it ûnderwiis, ús gemeenteried en de ambtlike organisaasje.”

De Global Goals binne de santjin duorsume ûntwikkelingsdoelstellingen, dy’t yn 2015 troch de Feriene Naasjes fêststeld binne om de wrâld ta “in better plak te meitsjen yn 2030″. Sa binne der doelen oer goede sûnens en wolwêzen, geslachtgelikensens, earlik wurk en ekonomyske groei, duorsume stêden en mienskippen en ferantwurde konsumpsje en produksje.”

“De doelen lykje abstrakt, mar skyn ferrifelet”, seit De Man. “Want se hawwe allegear in sterke relaasje mei it deistich wurk fan de gemeente. En mei it deistich libben fan ús ynwenners.”

Grutte útdagingen
“Wrâldwiid stean we foar grutte útdagingen, dy’t it ôfrûne jier allinnich mar grutter wurden binne troch de koroanapandemy. Brede wolfeart is dus relevanter as ea, stelt De Man fêst. “Ferskate aspekten dy’t de kwaliteit fan libben bepale, wurde noch mear as foarhinne yn beslútfoarmingsprosedueres behelle.”

By it opsetten fan it partisipaasjeproses rjochting in Omjouwingsfyzje, stelde Súdwest-Fryslân yn 2018  fokus op it tema sûne leefomjouwing. De gemeente prate mei syn ynwenners en (agraryske) ûndernimmers oer dat tema. It idee om mei de universele doelen oan ’e slach te gean, kaam ‘fan ûnderen op’: in ynwenner fan Wommels brocht de Global Goals yn de petearen nei foaren.

Mei de mienskip
Súdwest-Fryslân hâldt hieltyd rekken mei de Global Goals by it meitsjen fan plannen. Dat giet fierder as wat der yn it gemeentehûs betocht wurdt. Troch de mienskip binne der talrike inisjativen dy’t in bydrage leverje: youtu.be/tuII3IYcDSI. De Man: “Sa komme de wrâlddoelen yn ús doarpen en wiken.”

maart 14, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.