Subsydzje foar werynrjochting Museum Sleat

maart 3, 2021 08:37

Museum Sleat (foto: Wikipedia/Udo Ockema – CC BY 3.0)

It kolleezje fan B&W fan De Fryske Marren hat in subsydzje fan € 60.000 takend oan de werynrjochting fan Museum Sleat. Tanksij in werynrjochting fan de kolleksje kin it museum de kommende jierren opnij in besitekaartsje wêze fan de gemeente en bydrage oan it behâld fan it kulturele erfgoed. Dêrmei ûnderstreket it kolleezje it belang dat it hechtet oan oantreklike kulturele en toeristyske foarsjenningen.

Museum Sleat set him yn om it ferhaal fan Sleat te fertellen. Nei de werynrjochting sil it museum op de aktualiteit rjochte útstallingen biede kinne. Dêrtroch binne der mear mooglikheden foar it belibjen fan kultuer, edukaasje en it bewarjen fan de skiednis fan de gemeente. It museum ferwachtet troch de werynrjochting ek mear toerisme nei Sleat te lûken.

Mienskipsfunksje
It museum hat in wichtige funksje foar de pleatslike ynwenners. Dy dogge in protte frijwilligerswurk by it museum en dêrtroch is der in protte belutsenheid yn en by de stêd. “De frijwilligers binne optein om fan it âlde stedhûs wer in prachtich nij museum te meitsjen. De gemeente wurdearret de ynset fan alle frijwilligers dan ek tige. De werynrjochting biedt net inkeld in positive kulturele ympuls oan de stêd, mar draacht ek by oan de sosjale koheezje en leefberens yn Sleat”, seit wethâlder Roel de Jong. Neffens plenning sil it museum ein 2021 mei de werynrjochting úteinsette.

maart 3, 2021 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.