Subsydzje foar natuerynklusive eksperiminten feangreidegebiet
Resint ferskynd
Mei yngong fan moarn, 1 april 2021, kinne boeren yn it Fryske feangreidegebiet dy’t oerstappe wolle op natuerynklusyf buorkjen, subsydzje oanfreegje. Dat kin bygelyks as se mei in idee eksperimintearje wolle, lykas in gersmatte dy’t tsjin wiete omstannichheden kin, it beskermjen fan greidefûgels of it stimulearjen fan bioferskaat.

Boarne: Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw
Foto © Marcel van Kammen
Boeren hawwe sels faak al ideeën oer hoe’t se it bioferkaat op harren bedriuw fersterkje kinne. Troch eigen ûnderfiningen sjogge se mooglikheden foar de takomst. Der wurdt bygelyks eksperimintearre mei krûderyk gerslân en it ynpassen fan natuerynklusive maatregels yn de bedriuwsfiering.
De subsydzjeregeling Natuurinclusieve experimenten kin soks fierder helpe. Boeren kinne dertroch ynspirearre wurde foar nije ideeën. Betingst is dat it om fernijende ideeën giet fan op syn minst twa dielnimmers, dêr’t teminsten ien fan agrarysk ûndernimmer yn it feangreidegebiet is.
De subsydzjeregeling Natuurinclusieve experimenten makket diel út fan de Regio Deal Natuurinclusieve landbouw, dêr’t de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân inisjativen foar natuerynklusiver buorkjen mei stimulearje en flugger realisearje.
Ynformaasje en in oanfreechformulier binne te finen op www.regiodealnatuurinclusievelandbouw.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje