Simone Djurrema: Jantelagen; de wet fan Jante

maart 13, 2021 20:00

Kollum

Hjoed wol ik it ris hawwe oer de Jantelagen, of oars sein, de wet fan Jante. Dat hat te meitsjen mei eigenskippen fan de Sweden of Skandinaviërs yn it algemien. It moaiste is dat ik der fan alles yn weromken, of just wer net, dêr’t ik oars net by neitocht. Ik nim earst wat oer út de Sweedske Wykipedy en dan sis ik der wat oer.

Yn 1933 skreau Axel Sandemose in boek, En flykting korsar sitt spår, dat oerset is yn it Nederlânsk as Een vluchteling kruist zijn spoor. Jante is een fiktive stêd, basearre op Nykøbing Mors yn Noard-Jutlân, der’t Axel opgroeid is. Yn dat boek beskriuwt er de fiktive wet fan Jante. Ik mei wol sizze dat er dêr net posityf oer is. Frjemd genôch wurdt it hjoed-de-dei wol troch in protte minsken as posityf besjoen. It leit der mar oan mei wa’t men praat. Hjir binne de tsien geboaden fan de Jantelag dy’t oan hiel Skandinavië taskreaun wurde.

  1. Do moatst net miene datst wat bist.
  2. Do moatst net miene datst likefolle bist as wy.
  3. Do moatst net miene datst tûker bist as wy.
  4. Do moatst net miene datst better bist as wy.
  5. Do moatst net miene datst mear witst as wy.
  6. Do moatst net miene datst mear bist as wy.
  7. Do moatst net miene datst doochst.
  8. Do moatst net om ús laitsje.
  9. Do moatst net miene dat ien om dy jout.
  10. Do moatst net miene datst ús wat leare kinst.

En yn it boek wurd der letter in âlfde gebod oan tafoege dat faak ‘de strafwet fan de wet fan Jante’ neamd wurdt: Tinksto dat wy neat oer dy witte? Dat koe as in drigemint brûkt wurde, mar ek as ferdigening.

It earste dat my dêrby opfalt is dat it in soad Friezen op it liif skreaun liket. ‘Je moatte net miene dat je wat binne.’ Minsken dy’t ’mear’ binne, wurde faak net wurdearre. Dat is neffens my net hielendal itselde, want sa’t ik it belibje is it oer it algemien gjin probleem dat ien wat berikt, en meie minsken graach harren holle boppe it meanfjild útstekke! Jaloerske minsken hawwe der wol in probleem mei. Ik stekt my pas as sa’nien sels fynt dat er dêrtroch ’mear’ is. Foaral as ien eins neat berikt hat, mar him ’mear’ fielt om’t er earne oars berne is, net yn Fryslân dus. Dan stiet it nekhier my fansels fuort oerein, en ik tink by de measten fan jimme ek. Friezen hâlde oer it algemien net sa fan eigenwize minsken.

Stek foaral de holle net te folle omheech! Foto © Simone Djurrema

Doe’t ik it der mei freonen, berne Sweden, oer hie seine se fuort: “Ja, sa is it krekt!” en se wiene der hielendal net oer te sprekken. Sy fine dat it minsken deldrukt. En dat lês ik der eins ek wol yn. Se begûnen fuort oer roddeljen en jaloerskens doe’t ik sei wêr’t ik oer skriuwe soe. Dat moat ek typysk Sweeds wêze en dat hat neffens my just mei de Jantelagen te meitsjen. Mar dêr moatte we it de oare kear mar oer hawwe.

Iksels haw bygelyks meimakke dat op skoalle elkenien itselde wêze moat. Bern mei swierrichheden en sels bern mei in beheining wurde oant yn it ûnminsklike oplutsen en bern mei talint wurde net altyd stimulearre. Dat seach ik ferline jier doe’t ik leraar-assistent wie. Op it wurk moat elkenien gemiddeld wêze, of yn alle gefallen lykje. Doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch. Yn Fryslân fyn ik it mear in sprekwurd, it doocht net mear hielendal. Yn Sweden past it presys yn it tinken fan gelykstellen. Elkenien moat deselde kânsen hawwe. Dat wurdt hjir enoarm fier trochlutsen. Wolris ûnreedlik en ûnmooglik.

Mysels is it opfallen dat der hjir yn fergelyk mei Nederlân mear winkels of oare ûndernimmingen binne dy’t hast neat kreatiefs dogge om klanten te krijen of te hâlden. De ynrjochting kin saai wêze, it personiel kin passyf wêze ensafuorthinne. De manier fan klaaien is oer it algemien ek nochal ‘casual’ om samar te sizzen. Sjoch allinnich nei Anders Tegnell, ús steatsepidemiolooch, dy’t no geregeld op de telefyzje te sjen is. Men soe him net in kwartsje wegerje. Ik leau dat er de positive ferzje fertsjintwurdiget. Hy klaait en hâldt him gewoan, wylst er heech oplaat is en in hege posysje hat. Hy liket my wol oprjocht en bêst genôch.

Dan hawwe we de premier, Stefan Löfven. Hy wie pleechbern, mar hat him fia fakferieningen omheech wurke fan lasker yn ‘e stielbou ta politikus. It folk fynt it moai dat er de gewoane man fertsjintwurdigje kin, mar ik kin dat net rjocht weromfine yn wat er foar it folk de lêste jierren dien hat. It liket my mear in ferlechje om de macht te krijen. Hy liket my arrogant en grutsk op syn gewoane komôf.

Ik sjoch faak minsken dy’t op telefyzje ynterviewd wurde, soms noch hiel jong, dy’t dus gewoaner as gewoan klaaid binne, mar op in stellige manier prate. Fol selsfertrouwen en hielendal sûnder twivel. Ik haw my der faak oer ferwûndere. Yn Nederlân binne minsken dy’t der sa gewoan útsjogge meastal wat beskiedener. Net sa enoarm wis fan harsels. Dy’t wol o sa wis fan harsels binne, passe harren úterlik faak oan op wat se berikt hawwe of se binne wat âlder.

Ik haw it ek wol sjoen mei kollega’s hjir. Se hawwe de oplieding net ôfmakke, binne dat ek echt net fan plan en hawwe net echte plannen mei harren libben. By ien fan harren wit ik dat har hiele libben in grutte ramp is. By in oar wit ik dat se hiel ûnwis oer harsels is, mar as men mei har praat soe men tinke dat se ALLES wit. Sokken lykje safolle selsfertrouwen te hawwen dat alles harren ûnferskillich lit. Mar ik wit wol better.

It komt yn Nederlân ek wol foar, mar neffens my net safolle. Ik kin it allegearre net mei- inoar rymje. Do moatst net miene datst wat bist, mar do dochst as wie de hiele wrâld fan dy. Mar sa sjochst der wer net út. Begripe jimme it noch?

Dan wie der noch in teory dy’t ik op Youtube seach en dy’t miskien in diel ferklearret: guon Sweden binne sa grutsk op harren beskiedenheid dat se der arrogant fan wurden binne. Mar se litte dat net sjen, want dan is it effekt fansels fuort, en dan kom ik werom by de Jantelagen. Dy’t dus sa enoarm gewoan binne dat se der arrogant fan wurde, moatte harren oanwenne om dat net sjen te litten, sadat se it tsjin oaren brûke kinne. It wurdt in manier fan libjen. En dan moat de rest de moade wol folgje. As je derby hearre wolle teminsten. Dan komt it dus gewoan del op falske beskiedenheid.

Kin it wêze dat dy wet feroarsaket dat in protte Sweden, bûge of barste, harren gefoelens ferbergje? Ik bin al in protte tsjinkommen dy’t hiel stoïsynsk oerkomme. Stel dat se der oars fan beskuldige wurde dat se miene dat se wat binne. Sweden sizze leaver ek gjin nee. Men wit nea oft harren: “Ik wit it noch net” of it net werombeljen komt trochdat se it werklik net witte en gjin tiid hân hawwe, óf dat se it nea fan plan wiene. De Sweden binne blykber goed yn it ferbergjen fan harren gefoelens en it ûntwiken fan antwurden. Ik haw it hjir mei Sweedske freonen oer hân doe’t ik op wichtige antwurden wachte, en sy seine ek dat men nea wit wat derefter sit.

It klinkt allegearre hiel negatyf, hin? En se sizze it ek noch oer harren sels. No ja, gelokkich binne der ek noch gewoane Sweden. Oars soe ik net witte oft ik it hjir wol sa nei it sin hân hie. Mar dat haw ik!!! Oant oare kear.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
maart 13, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.