‘Seks-soap’

maart 16, 2021 10:41

Ynstjoerd

It boekewikekado, skreaun troch Hilda Talma. Dat makke my nijsgirrich. Noch nijsgjirriger waard ik, doe’t ik op ynternet lies dat de skriuwster troch har wurk in belangrike bydrage levere hat oan de Fryske literatuer. Noch folle nijsgjirriger waard ik, doe’t ik de loovjende resinsje fan Doeke Sijens lies.

It earste boek fan Hilda Talsma ha ik lêzen en ik tocht doe: ik wit genôch, dit soarte lektuer is neat foar my. Mar as ‘Boeken fan Fryslân’ har sa goed fynt dat se mei in kadoboek it Fryske Boek oanpriizgje kin, dan hat se har nei in tal romans miskien wol tige posityf ûntwikkele.

It befredigjen fan myn nijsgjirrigens waard in teloarstelling.
Lockdownleafde is flot skreaun. Jawis! Miskien wol te flot: it ferhaal is wol hiel maklik komponearre en mist djipgong. Tafal spilet in grutte rol. Dat seks op elke side oan ’e oarder komt, is miskien te folle sein, mar dêr bliuwt it net fierôf. It brûken fan sitaten fan Aristoteles, Moeder Teresa en Einstein is yn dit ferbân hast profaan.

Sa’t it yn in soapferhaal heart, komt it oan ’e ein allegear goed. Ewald, de haadpersoan, bekeart him fan lustbelibbing ta de echte leafde. Tanksij koroana.

Ik begryp ‘Boeken fan Fryslân’ net. Hoe kin sa’n kadoboek ea reklame wêze foar de Fryske literatuer! Dy wurdt dêrmei tekoart dien.

Ik begryp in man as Sijens net. Yn kennis fan de Fryske taal en de Fryske literatuer kin ik my yn de fierste fierte net mei him mjitte, mar Lockdownleafde is foar my net mear as maklik te lêzen seks-soap mei in tige slop moralistysk sauske.

Sieger Bijsterveld
De Jouwer

NB
Ik krij trouwens net de yndruk dat Talsma har bekroadet om wol of gjin literatuer. Mei wille dwaande wêze mei skriuwen koe by har wolris foarop stean.

maart 16, 2021 10:41
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Koos Tiemersma maart 16, 20:27

    Om te begjinnen mei it lêste: it sil Hilda Talsma yndied woarst wêze oft har skriuwen no literatuer is of net. En dêr is niks mis mei.

    Dat ‘Boeken fan Fryslân’, nei in tiid fan drûchte as it giet om in oarspronklik Frysk boek, diskear keazen hat foar Hilda Talsma, is alhiel net frjemd. As der ien is dy’t, en dan ek noch op eigen krêft, in lêzerspublyk opboud hat, is sy it wol, in groep dy’t se hieltyd oantrune hat om Fryske boeken te keapjen. Want dêr is de Fryske Boekewike ommers foar bedoeld. Dêrby hat se har tige ynspand om, as in wiere ambassadeur, de karre ek foar oare skriuwers te lûken.

    Dat de Boekewike sa’n súkses wurden is, kompleet mei Fryske skriuwers dy’t middels eigenmakke filmkes (in inisjatyf fan Hilda Talsma en Hein Jaap Hilarides) de sosjale media ûnfeilich makken, is dan ek mei oan har te tankjen.

    Dat jo net sa wei wiene fan it kadoboek, fyn ik trouwens gjin probleem en, skat ik sa yn, Talsma allikemin. Smaken ferskille no ienris. Wat mear begryp foar ‘Boeken fan Fryslân’ soe lykwols yn jo reaksje op syn plak wêze. Diskear is der keazen foar de smaak fan Hilda en dêrmei har lêzers, de folgjende kear komt wer in oare groep oan syn trekken. Dat jo kinne alfêst útsjen nei takom’ jier, wa wit wêr’t jo dan op trakteard wurde sille!

  2. Karel F. Gildemacher maart 17, 20:27

    Ik soe it wolris iens wêze kinne mei Bijsterveld, ferwachtsje ik. Ik haw it boek net lêzen, haw betanke foar it oanbod, want de kolumm fan Tjalsma slaan ik ek altiten oer. Grif is dy bestimd foar oaren. My ek bêst.
    De omrop is trouwens foaral foar Cambuuroanhingers tink ik wolris. Dus ek dêr hear ik suver net mear nei. Men kin better lêze!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.