RUG digitalisearret 100.000 objekten út akademysk erfgoed

maart 4, 2021 08:49 Fernijd

De Ryksuniversiteit Grins (RUG) digitalisearret in grut part fan syn akademysk erfgoed. Doel fan it projekt ‘Spotlight’ is om mear as hûnderttûzen objekten online tagonklik te meitsjen: fan de earste boeken fan de Universiteitsbiblioteek (UB) út de 15e en 16e iuw, oant de earste foto’s fan hunebêden, it âldste wittenskiplike ynstrumint fan de universiteit en hûnderten boeken yn it Grinslânsk.

Foto: Goffe Jensma

De te digitalisearjen objekten krije ek bettere en wiidweidigere omskriuwingen. Sa wurdt de brede erfgoedkolleksje fan de universiteit wrâldwiid tagonklik. De RUG sil de resultaten beskikber stelle foar akademysk ûndersyk en ûnderwiis, en foar alle belangstellenden yn de skiednis fan it noarden.

It Grinslânsk
Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de RUG, laat it dielprojekt dêr’t Grinslânske boeken út de perioade fan de 18e iuw ôf oant no ta yn digitalisearre en analysearre wurde. “Mei dit projekt kinne we in grutte stap sette yn it ûndersyk nei de ûntwikkeling fan it Grinslânsk yn al syn fariaasje. Boppedat kinne we sprekkers fan it Grinslânsk by it projekt behelje. Boargerwittenskip is fan grut belang by it ûndersyk nei minderheidstalen.”

Wrâldwiid tagonklik
“It projekt ‘Spotlight’ soarget derfoar dat kolleksjes en materialen dy’t oant no ta allinnich by de universiteit te riedplachtsjen binne, aanst oeral op ’e wrâld tagonklik binne”, seit projektlieder Wian Stienstra fan de Universiteitsbiblioteek. “Dat is in hiele rike boarne fan ynformaasje foar wittenskippers en belangstellenden fan oer de hiele wrâld. De Universiteitsbiblioteek is dé oanwiisde organisaasje om dit projekt út te fieren.”

Flinke ynvestearring
It kolleezje fan bestjoer fan de RUG finansieret it projekt ‘Spotlight’ mei in ynvestearring fan € 700.000. It projekt rint oant begjin 2022. It digitalisearre materiaal wurdt publisearre by de besteande kolleksjes op facsimile.ub.rug.nl, as it kin frij tagonklik. Ut en troch wurdt op it Twitter-akount @mulerius ek in seleksje út de kolleksje pleatst.

maart 4, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.