Resept: Grutte Pier-brochje

maart 14, 2021 16:00

In lekker broadsje ferneamd nei de Fryske frijheidsstrider út Kimswert.

In waarme fariant op brea mei tsiis (foto: Wikipedia/Takeaway – CC BY-SA 4.0)

Yngrediïnten:
– 4 stikjes roggebrea
– 2 frissoere apels
– 20 gr. bûter
– 100 gr. drûge woarst
– 4 plakken jongbelegere Goudske tsiis
– 2 ytleppels rezinen

Lis it brea op in bakblik. Skyl de apels, boarje de klokhuzen derút. Snij se yn tsjokke plakken en bak se yn de bûter goudbrún. Lis se op it brea en dêrop plakjes drûge woarst en tsiis. Lit it efkes roasterje yn ’e ûne oant de tsiis raand is. Tsjinje it gerjocht waarm op en bestrui it mei wat rezinen. Lekker ite!

Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

maart 14, 2021 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.