Resept foar boerejonges

maart 28, 2021 16:00

Foto: Wikipedia/Matthias Süßen – CC BY-SA 3.0

Boerejonges is yn de noardlike provinsjes bekend. Yn East-Fryslân heart boerejonges ta de bekendste kulinêre spesjaliteiten en wurdt dêr ‘Bohntjesopp’, ‘Kinnertön’ of ‘Branntwien mit Rosienen’ neamd. It waard eartiids foaral op hjeldagen en jierdeis nuttige.

Yngrediïnten:
– 500 gr. rezinen
– 250 gr. sûker
– 2,5 dl. wetter
– 6 sm. pypkaniel
– 1 l. brandewyn
– 200 gr. pelde mangels

Helje de stâltsjes fan de rezinen, waskje se mei hyt wetter, lit se goed útlekke. Lit de sûker rane yn it wetter. Doch de kaniel en de fruchten derby. Lit de fruchten op it fjoer opswolle en sêft wurde. Skep se dan yn in goed himmele stopflesse. Sied de sûkeroplossing noch wat yn, lit him ôfkuolje en jit him oer de fruchten. Foegje de brandewyn en de pelde mangels ta as de massa goed kâld wurden is. Slút de flesse luchtticht ôf. Brûk de fruchten earst nei trije moanne.

Yn East-Fryslân wurdt de Bohntjesopp yn Ostfriesentorte ferwurke.

Ostfriesentorte (foto: Wikimedia Commons/Matthias Süßen – CC BY-SA 4.0)

maart 28, 2021 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.