Reeën kinne wer út de Kompanjonsfeart klimme

maart 19, 2021 18:05

Mei tank oan 69 útstapplakken kin grut wyld tusken de Gordyk en Lyts Grins wer feilich op ’e kant komme. Om yn de takomst safolle mooglik foar te kommen dat reeën ferdrinke hat provinsje Fryslân yn oerlis mei omwenners de wâlen fan de Turfrûte oanpast.

De oanlis fan de lêste 26 útstapplakken oan de Kompanjonsfeart is klear. Mei-inoar binne der no 69 tusken de Gordyk en Lyts Grins. Dêrtroch is de ôfstân, dy’t de bisten, as se yn it wetter telâne komme, nei in útstapplak ôflizze moatte minimaal.
“De ferwachting is dat it tal ferdrinkingen no bot weromrint. It is moai dat we it op oarder hawwe, om’t reeën yn de perioade fan maart oant maaie en fan septimber oant desimber aktiver binne”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Utstapplak by Slûs Lippenhuzen. Foto © Provinsje Fryslân

Nei it djipper en breder meitsjen fan de Turfrûte wiene der mear meldingen fan ferdronken reeën. Yn 2019 pleatste de provinsje Fryslân dêrom al ekstra wyldútstapplakken tusken de slûs Lippenhuzen en Himriker Ferlaat en tusken de Turfbrêge (N381) en Lyts Grins.

Letter die bliken dat ek op it trajekt Hemriker Ferlaat – Sparjeburd oer in ôfstân fan 800 meter gjin plak foar bisten wie om út it wetter te kommen. Ferline jier kamen trije reeën yn de swierrichheden ûnder de slûs Lippenhuzen. De buert wist der ien te rêden. De provinsje hat yn oerlis mei omwenners en in jachtopsichter tusken de Gordyk en Lyts Grins de lokaasjes foar de útstapplakken oanwiisd.

Utstaphelling
It oanpassen fan de wâlkant is nedich as it wetter djip is of de wâlkant te heech of te steil is om derút te kommen. Troch parallel oan de besteande damwand oer in lingte fan in oantal meter in ekstra damwand te pleatsen, ûntstiet der romte om in helling te kreëarjen. Dêr lizze gersbetontegels op, mei grint dêr’t it wyld maklik oer út it wetter rinne kin. Net allinne reeën hawwe der profyt fan, oar wyld en sels húsdieren kinne der ek gebrûk fan meitsje.

 

maart 19, 2021 18:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.