Proseduere briefstimmen wurdt oanpast

maart 16, 2021 09:35

Minister Ollongren fan Ynlânske Saken past de proseduere foar it tellen fan de briefstimmen oan, skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer. Briefstimmen dy’t net hielendal neffens de regels opstjoerd binne, meie ûnder beskate betingsten dochs meiteld wurde.

Foto: Wikipedia/J.M. Luijt – CC BY-SA 2.5 nl

Santichplussers koene de ôfrûne wike harren stim al mei in brief útbringe. Fanwegen it koroanafirus. Hja krigen dêrfoar ûnder mear in briefstimbiljet en in stimpluspas opstjoerd. It wie de bedoeling dat se it stimbiljet yn in spesjale slúf diene, en dy mei harren stimpluspas yn in weromstjoerslúf nei it briefstimburo opstjoerden.

Lykwols wiene yn guon gefallen beide papieren yn deselde slúf dien. De regels skriuwe foar dat dy sluven net iepene wurde meie, fanwege it stimgeheim. Dat late derta dat sa’n sân oant acht persint fan de briefstimmen ûnjildich wie.

Ollongren seit no dat meiwurkers fan it briefstimburo sluven dêr’t mooglik beide papieren yn sitte, dochs iepenje meie. Hja moatte dan kontrolearje oft de stimpluspas jildich is. As dat sa is, kinne de meiwurkers it byfoege stimbiljet yn ’e stimbus dwaan, sûnder it yn te sjen of iepen te tearen. Ollongren sil gemeenten fan ’e moarn noch ynformearje oer de nije wurkwize, sadat se dy op syn lêst moarn tapasse kinne.

maart 16, 2021 09:35
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. A.Kramer maart 16, 13:16

    Op guon plakken is it op dit stuit ek noch moochlik te briefstimmen. Der is dan by of oan it gemeentehûs of in grut stimlokaal in bus wêr’t de briefstimmen ynsmiten wurde kinne. It is dan net nedich om nei binnen te gean.
    Dit kin dan noch oant 17 maart 21 oere. (let hjirby wol op útgeansferbod. Ik wit net of dat ek by de útsûnderings heart). En de goede stikken yn de goede sluven dwaan.

  2. Nanne Hoekstra maart 17, 08:51

    Prosedueres lykje langer ek wol hillich. Men moat jin altyd ôffreegje: wêr binne dy foar bedoeld. De beide keferten binne ommers foar de poststimmer ornearre, om’t dy it RJOCHT hat op syn stimgeheim. Mar wylst in protte minsken rûnom plan-út fertelle op wa’t se stimd hawwe, waard der yn dit gefal ynienen dien as soe dat stimgeheim in PLICHT wêze. En soe de poststimmer dy’t yn de formulieren en sluven ferslacht, just straft wurde moatte. Ik rekke fertize yn it ûnbidige stimbiljet en ha dat bûten it stimhokje opteard, sadat oaren net op my wachtsje hoegden. Myn stim soe dochs ek net ûnjildich wurde as ien doe tafallich sjoen hie wêr’t myn reade puntsje stie? As in stimpas der net by sit, is it fansels in hiel oar ferhaal, dy is foar it mienskiplik belang, om te bewissigjen dat eltse boarger maksimaal ien kear stimt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.