Projektgroep Foarkommen Wolveskea yn Fryslân

maart 30, 2021 10:47

Foto © Provinsje Fryslân

In projektgroep sil him bûge oer it tefoaren kommen fan wolveskea yn Fryslân. Deputearre Steaten stimden op 30 maart yn mei it ynstellen fan de Projectgroep Preventie Wolvenschade Fryslân (PPWF) mei yngong fan heal april. Yn dy groep kinne partijen nau mei-inoar yn oerlis oer maatregels om skea troch omswalkjende wolven foar te kommen, en bistehâlders, mar ek DS fan advys te foarsjen, bygelyks oer it beskermjen fan bisten lykas skiep en geiten.

Fertsjintwurdigers fan LTO Noord (fakgroep skieppehâlderij), de Stichting Beheer Platform kleinschalige schapen- en geitenhouders, Fries Partuculier Grondbezit, terreinbehearende organisaasjes, de feriening fan Fryske Gemeenten en Kollektiveberied Fryslân slute oan by de projektgroep, sa wurdt ferwachte, krekt as in skieppehoeder dy’t ûnderfining hat mei it nimmen fan previntive maatregels. Neist advys oer it tefoaren kommen fan skea, kin de PPWF ek oandacht besteegje oan kennis en foarljochting oer wolven, DS advisearje oer bysûndere gefallen fan skea, advys jaan oer de finansiering fan winske beskermingsmaatregels en neitinke oer oerlis en ôfstimming as in wolf him yn Fryslân fêstiget.

Fryske pilot
De provinsje fasilitearret de PPWF yn it opsetten fan in proefprojekt foar it tefoaren kommen fan skea troch omswalkjende wolven, passend binnen wet- en regeljouwing en taspitst op de Fryske situaasje. Tink bygelyks oan de ynset fan hûnen foar beskerming, it ynrjochtsjen fan beskermjende nachtferbliuwen foar skiep of de ynset fan elektroanika. De bedoeling is om dêr ambassadeurs en fernijers op it mêd fan wolveprevinsjemaatregels by te beheljen. Nei útwurking leit de projektgroep de pilot oan DS foar.

Temjittekomming  wolveskea
Lanlik is der in Interprovinciaal Wolvenplan, dat foarskriuwt dat der in gebietskommisje komt as in wolf him yn in provinsje fêstige hat. Yn Fryslân is dêr noch gjin sprake fan. De kearen dat der ien yn Fryslân wie, gie it om in swalkjende wolf. It is in beskerme soarte, wat betsjut dat it ferbean is om it bist mei opsetsin te fersteuren, te fangen of dea te meitsjen. Dêrom is yn it Interprovinciaal Wolvenplan fêstlein dat der yn alle gefallen oant 1 jannewaris 2022 in folsleine temjittekomming foar wolveskea jûn wurdt.

Yn de ôfrûne trije jier is der yn Fryslân 5.005,- (2018), 2.571,- (2019) en 1.524,50 (2020) euro betelle oan temjittekommings fan wolveskea. Deputearre Klaas Fokkinga: “Nettsjinsteande dat de hichte fan dizze bedraggen tafalt, fernimme wy dat de Fryske mienskip en Provinsjale Steaten in soad noed hawwe oer de wolf en om in oanpak freegje. Dêrom roppe wy as provinsje dizze projektgroep yn it libben. As in wolf him yn Fryslân fêstiget, kinne wy de projektgroep opskale nei in gebietskommisje.” De projektgroep giet de kommende trije jier oan it wurk. It ynstellen fan de groep kostet 99.000 euro.

maart 30, 2021 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.