Programma om bioferskaat yn Fryslân op te helpen

maart 31, 2021 07:32

Ynsette op it ophelpen en ferbetterjen fan it bioferskaat yn Fryslân. Dat is de kearn fan de ‘Agenda Herstel Biodiversiteit’ dy’t de provinsje Fryslân yn gearwurking mei partners makke. Dy foarmet de basis foar it meitsjen fan in útfieringsprogramma foar de kommende jierren, dat yn juli 2021 úteinsette moat. Op 26 maaie behandelet Provinsjale Steaten de aginda.

Foto © Provinsje Fryslân

It Natuurpact, dêr’t ambysjes foar natuerûntwikkeling yn Nederlân yn steane, is foar de provinsje it útgongspunt by it ûntwikkeljen en behearen fan natuer. Nettsjinsteande dat nimt it oantal plante- en bistesoarten ôf. It ferskaat oan ynsektesoarten en de greidefûgelpopulaajes wurde bygelyks lytser. It ôfnimmen fan soarterykdom hat direkt effekt op bygelyks de itensfoarsjenning fan de minske, dêr’t wjirmen en baktearjes yn soargje foar sûne grûn en bijen en hommels foar de bestowing fan gewaaksen.

Deputearre Douwe Hoogland: “It realisearjen fan in programma foar it ophelpen fan it bioferskaat is in wichtich resultaat yn it bestjoersakkoart. Wy hawwe it ek yn de Omjouwingsfyzje foar Fryslân set. It giet der net allinnich om dát wy ús ynsette foar it bioferskaat, mar ek hóe: mei alle partners, mei hiel Fryslân. Sa hawwe wy dat ek yn de Fryske Oanpak ôfpraat. Mei-inoar wurkje oan in gruttere soarterykdom yn Fryslân. Yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân, gemeenten Ljouwert en Eaststellingwerf, Kening fan ’e Greide, Fryske miljeufederaasje,  ynstituut foar natuuredukaasje IVN en yn oerlis mei agrariërs en kollektiven hawwe wy op 28 febrewaris in aginda presintearre. Dy foarmet de basis foar in bioferskaatprogramma dat wy mei-inoar útwurkje sille foar de kommende jierren.”

In goede basis
It giet om it trochwurkjen oan in goede basis: de kwaliteit fan wetter, boaiem, lucht, lânskip, natuerynklusive lânbou en it ynrjochtsjen fan it Natuurnetwerk Nederland en Natura 2000 yn de provinsje. Om te soargjen foar in better libbensgebiet foar kwetsbere soarten lykas de otter, Noardske wrotmûs en ferskate greidefûgels, mar ek foar bysûndere kikkerts, salamanders, libellen, fisken en ynsekten. Dêrneist binne it keppeljen fan kennis oan inisjativen en it omtinken foar edukaasje wichtige spearpunten. De gearwurkjende partners sette ek yn op in natuerynklusive oanpak: natuer en bioferskaat ûnderdiel meitsje fan oare opjeften lykas klimaatadaptaasje of de enerzjytransysje, mar ek by nije inisjativen en gebietsprojekten.

De kommende perioade wurkje de partners dit programma fierder út. It doel is om op 1 juli mei de partners útein te setten mei it útfieren fan it programma. Foar de provinsje giet it om in ynvestearring fan sa’n 2,7 miljoen euro oant en mei 2023. Foarútrinnend stelde de provinsje yn 2020 al 240.000 euro oan subsydzje beskikber foar inisjativen mei ideeën foar it ophelpen fan it biofeskraat en 92.500 euro foar inisjativen dy’t spesifyk wurkje oan it ynsektenetwurk Fryslân. In goed foarbyld is Wjukkelje oer it Blommepaad: Doarpsbelangen Oentsjerk leit – mei skoallen, lokale soarchpleatsen, omwenners en minsken dy’t ynteressearre binne – fiif kilometer ynsektfreonlike blommeberm oan by it rekreaasjepaad tusken Oentsjerk en Gytsjerk lâns.

maart 31, 2021 07:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.