Pop-Art by Bax Kunst yn Snits

maart 6, 2021 08:51

Debút Fryske keunstner SoSerge yn kombinaasje mei objekten fan Ad van Hassel by Bax Kunst yn Snits

Fan 6 maart oant en mei 24 april 2021: eksposysje moderne Pop- en Streetart fan debutanten Ad van Hassel en SoSerge (Serge Veenema)

SoSerge: ‘Flower girl’ – mixed media (boarne: Bax Kunst)

SoSerge
Serge Veenema wurke jierrenlang yn de foarmjouwing fan lampen en meubels foar sawol binnen- as bûtendoar. Altyd broeide de kreativiteit yn him. As keunstner is er autodidakt. Hy wurket op ’e Jouwer oan syn keunstwurken yn mingde technyk en ôfgetten yn epoxy. Hy nimt syn ynspiraasje fan reizen yn it bûtenlân mei nei Nederlân om dy yn syn keunst te ferwurkjen. De aktualiteit spilet dêr soms in grutte rol yn.

Bysûnder oan it wurk fan SoSerge is dat er de Popart en Streetart meinimt nei de ienentweintichste iuw. De moderne keunststreamingen dy’t yn de Feriene Steaten en Grut-Brittannië om 1950 hinne en letter ûntstiene. Dy wurde troch him ynterpretearre yn syn eigen keunstwurken mar ek yn syn eigen libbensomjouwing. It wichtichte skaaimerk fan de popartbeweging wie it brûken fan besteande (reklame)ôfbyldingen en foto’s en it kommersjeel brûken fan keunst. De keunstner neamt it Keunst foar de nije generaasje.

SoSerge ferkeapet syn wurk fia Galery Bax Kunst nei binnen- en bûtenlân.

Ad van Hassel: ‘Art Candy’ – keramyk (boarne: Bax Kunst)

Art Candy
Yn 1980 begûn Ad van Hassel mei skilderjen, nei jierren ferskate kreative disiplinen trochrûn te hawwen. Hy begûn yn 1983 yn de eksklusive galerys yn de hotels Sonesta en Krasnapolsky yn Amsterdam. Sûnt 1990 brûkt er de seefdruk, net allinne foar syn eigen wurk, mar ek foar it wurk fan oare keunstners. Sa wie er tolve jier de fêste drukker fan Herman Brood, mar ek oaren lykas Corneille, Jan Cremer, Rob Scholte, Shunyam en Peter Diem makken fan syn ambachtlike fakkennis gebrûk.

Nei’t grutheden as Herman Brood en Corneille wei wiene rjochte Van Hassel syn kennis en spesjaliteit op in nije technyk, it CNC-lasersnijen en frezen fan ferskate materialen dêr’t de fantastyske kleure skulptueren mei makke wurde. De fraach nei it wurk dat er op it stuit makket is grut en fynt ek syn paad nei galerys yn binnen- en bûtenlân. It is te sjen yn galerys yn Monako, Saint Tropez, Dubai, New York… “En no dus ek yn Snits. De takomst sjocht der goed út”, neffens Van Hassel.

De eksposysje besjen
Sneon 6 maart wurdt de eksposysje online iepene. Wa’t dêrnei nei Galery Bax Kunst wol, kin in ôfspraak meitsje foar moarns of middeis. “De thússitters wolle wy ek fan tsjinst wêze mei dizze eksposysje fan hege kwaliteit. En dat dogge wy neist yn de galery ek online fia in firtuele toer en ús webside”, seit kurator Redmer Bax. De eksposysje is dus altyd op de webside www.baxkunst.nl en op Youtube te besjen. Oankeapen en proefpleatsingen kinne online ôfhannele wurde.

maart 6, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.