Plannen foar in bettere kwaliteit fan it wetter yn Fryslân

maart 27, 2021 11:04

Fan moandei 29 maart ôf leit de ûntwerp KRW-nota Fryslân op besjen. Ynwenners kinne dêr harren fyzje op jaan. Skjin wetter is fan libbensbelang foar minsken, bisten en planten. Om de kwaliteit fan it Fryske wetter te beskermjen wurdt om de seis jier in plan opsteld (KRW-nota), neffens de rjochtlinen fan it Europeeske kaderrjochtline wetter. It ôfrûne jier is oan de plannen foar it Fryske wetter foar de perioade 2022-2027 wurke.

De Provinsje en it Wetterskip binne ferantwurdlik foar de kwaliteit fan it oerflakte- en grûnwetter yn Fryslân. De KRW-nota jout de hjoeddeistige wetterkwaliteit oan, neist de doelen en noarmen dy’t de provinsje fêststelt. Oer it algemien giet de KRW-nota benammen oer it grutte wetter yn Fryslân, lykas de boezemfearten, -marren en grutte natuergebieten lykas de Alde Feanen. Om de KRW-doelen foar dy wetters te berikken, binne maatregels nedich, lykas de oanlis fan natuerfreonlike sleatskanten en fiskpassaazjes.

Foto © Provinsje Fryslân

De KRW-nota, dêr’t ynwenners fan Fryslân no op reagearje kinne, giet ek yn op de beskerming dy’t nedich is foar it lytse wetter, lykas poldersleatten, stedsfivers en wetter yn lytse natuergebieten. Om dat wetter te beskermjen sil de provinsje yn de kommende jierren subsydzje beskikber stelle foar maatregels dy’t it útstjitten fan fiedingsstoffen en bestridingsmiddels nei oerflakte- en grûnwetter ferminderje. Mei gemeenten sil de provinsje sjen nei de mooglikheden foar mear bioferskaat yn it stedswetter. De provinsje docht ek ûndersyk nei maatregels om it ferdrûgjen fan natuergebieten te bestriden.

De earste KRW-plannen binne fan 2009. De Europeeske rjochtline skriuwt foar dat yn 2027 alle wetter yn de Europeeske Unie fan goede kwaliteit wêze moat. Dêr is in robúst en gearhingjend pakket fan maatregels foar nedich. In part fan de Fryske maatregels is ûnderwilens útfierd en de resultaten binne al sichtber. Sa wurdt it wetter yn Fryslân hieltyd helderder, binne mear ûnderwetterplanten te sjen en binne der mear wetterynsekten yn de natuerfreonlike sleatskanten. Deputearre Douwe Hoogland is bliid mei dat resultaat: “Alles yn en ûnder wetter is net altyd like sichtber, mar draacht wol foar in grut part by oan de steat fan it bioferskaat. Dêrom is de KRW ek sa wichtich foar ús (wetter)provinsje.”

De konsept KRW-nota Fryslân 2022-2027 (mei byhearrende factsheets) kin fan 29 maart oant 9 maaie ynsjoen wurde op www.fryslan.frl/skjinwetter. Belanghawwenden kinne dêr harren sjenswize ek yntsjinje. De definitive KRW-nota sil ein 2021 troch Provinsjale Steaten fêststeld wurde.

maart 27, 2021 11:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. De Jong maart 29, 11:32

    It hie pas jûn dat de provinsje de Fryske wetternammen brûkt hie. Sûnt 2007 is dat al sa. Komt der ek aksje fan de Fryske Beweging.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.