Pier Bergsma: Bliuw fan de stavering ôf

maart 18, 2021 11:45

Skôging

Foto: ©It Nijs

Kleisangen oer it ûnderwiis binne fan alle tiden. “De bern leare minder en minder, se kinne net staverje en se leare gjin rekkenjen mear.” It wie te ferwachtsjen dat der wer ien komt mei in foarstel om de stavering ienfâldiger te meitsjen. Dan soe it foar in soad bern ienfâldiger wurde om sûnder flaters te skriuwen. De measte flaters wurde makke mei tiidwurden en dan benammen mei de “dt”. Dominiek Sandra wol der ôf by it Nederlânsk.

Sandra hie der in bydrage oer yn de Leeuwarder Courant fan moandei 15 maart. Hy is heechlearaar psycholinguistyk en taalkunde oan de universiteit fan Antwerpen. Jawis, de “dt” jout problemen, ek yn it Frysk. Yn ferbân mei Sandra behein ik my ta it Nederlânsk. Der staverest de t-klank as t, d of dt. By in tiidswurdfoarm as ‘word’ of ‘belooft’ rinst it gefaar om ‘wordt’ en ‘beloofd’ te skriuwen, want dy foarm komt mear foar.

Ofsjoen fan it tiidwurdeprobleem binne der minsken dy’t fine dat de hiele stavering ienfâldiger moat, want wat makket it no út oft jo “hij wordt” of “hij wort” skriuwe en jo kinne likegoed “de hont” skriuwe as jo “de kat” skriuwe, mar neffens de tsjinstanners skriuwe jo “het paard“, om’t jo ek “de paarden” skriuwe. Mar wêrom skriuwe jo dan net “de paardenhoev“, om’t jo ek “paardenhoeven” skriuwe.

Nee, grif foar in begjinner is staverjen net maklik. En elkenien makket wolris in flater mei de t, dt of d.

Nijsgjirrige “oe-klanken” yn it Frysk en it Ingelsk

In argumint fan foarstanners fan staveringsferienfâldiging is dat jo de beskikbere tiid besteegje kinne om oare dingen te learen. De fraach is, wat dan. Immen dy’t net ûnthâlde kin dat jo “paard” mei in d skriuwe, sil ek problemen hawwe om oare dingen te ûnthâlden.

Trouwens, it Nederlânsk is in stik makliker as it Ingelsk. As it giet om stavering, is Ingelsk ien fan ’e lestichste talen. Foar ien klank wurde ommers ferskate lettertekens brûkt, bygelyks foar de “oe-klank”: do, June, crew, moon, soup, blue, shoe, fruit. Mei de staveringsreboelje sa tusken 2013 en 2015, foarôfgeand oan de Fryske staveringsoanpassing kaam taalkundige Henk Wolf yn in artikel op It Nijs fan oktober 2014 mei in aardich stikje oer de Fryske “oe-klanken”. Neffens Wolf: “1. Hast de klank yn boer/koel/hoed 2. Dan hast de koarte klank fan boek/lûke/hoepel 3. As tredde hast de lange klank fan hûs/spoek/koeke”. Noch efkes werom nei it Ingelsk. Oarsom wurdt dêr ek ien letter brûkt foar ferskate klanken: watch, cat, late, car, ago.

Gjin inkelde stavering is by steat om presys wer te jaan fan wat jo sizze. De skriftôfbylding komt yn de buert. Boppedat sprekt in persoan út Grinslân it Nederlânsk oars út as in persoan út Limburch. In oar wichtich beswier tsjin staveringsoanpassing is dat âldere teksten lestich wurde om te lêzen. Wy binne wend oan in wurd. In Ingelsk of Frânsk boek út foarige iuwen jout gjin betizing. Se hawwe de stavering nea oanpast. Dêrom brûke de Sinezen dy aaklige karakters noch altyd en is dy stavering pas echt lestich. In begjinnende lêzer dêr moat 3000 karakters kenne. Dat is nochris wat oars as ús 26. Nei ferrin fan tiid makket it net folle mear út, want ien dy’t lêze kin, lest in wurd as in plaatsje. Der komt noch by dat elkenien tsjintwurdich in staveringshifker op de kompjûter brûkt. Dy fisket de measte flaters derút. En mei it ferstân op skerp, ek nea wei om dat te brûken, helje jo sels wat oerbliuwt der wol út.

maart 18, 2021 11:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jaap Klimstra (Jabik Jans) maart 18, 16:04

    Mei iens

  2. H E maart 20, 00:56

    Ik net, hiel faak makket it eins neat út as jo d, ‘t as dt brûke alteast as wy ôfprate dat dat gjin ferskil makket. Ommers as wy mei inoar prate ha wy dat ûnderskied ek net.
    En wat de spellings correctie /staverings hifker oanbelanget; hy sjocht wol wat jo skriuwe mar net wat jo bedoele.
    Sjoch de krante mar ris nei, allegear goedkart troch de hifker mar grôtfol flaters

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.