Peaskekonsert NNO streekrjocht by Omrop Fryslân

maart 26, 2021 08:49 Fernijd

Gjin Matthäus-Passion dit jier, mar it Noord Nederlands Orkest spilet wol passend wurk foar Peaske yn it Peaskekonsert. Dat is freed 26 maart fan 16.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream. Op Wite Tongersdei, 1 april, is de tv-registraasje om 21.00 oere te sjen. By dat konsert mei it wurk fan Pergolesi en Haydn is Jos van Veldhoven de dirigint. Solisten binne Myriam Arbouz en Jonathan Mayenschein.

Yllustraasje: Kalle Wolters

Yn it konsert binne Pergolesi´s Stabat Mater en Haydns La Passione te hearren. Yn Stabat Mater wurdt Maria dy’t har krusige Soan beskriemt, meislepend ferklanke. Yn Pergolesi´s tiid (1710-1736) fûnen minsken it sels te folle op opera lykjen. Haydns 49e Symfonie La Passione (1768) hat ek wat fan teätermuzyk. It is ien fan syn meast dramatyske symfonyen, mar lykas altyd by Haydn komt hieltyd wer it ljocht troch.

Dirigint Jos van Veldhoven
Jos van Veldhoven wie fan 1983 oant 2018 dirigint en artistyk lieder fan de Nederlandse Bachvereniging. Hy late ûnder oaren ferskate eigentiidske premjêren fan barokopera’s en dirigearre yn 2014 de wrâldpremjêre fan Tsoupaki’s Oidípous by it Holland Festival.

Sopraan Myriam Arbouz
Myriam Arbouz debutearre yn 2015 oan De Nationale Opera yn Trauernacht. Sy trede ûnder oaren op mei it Ensemble Schönbrunn, it Luthers Bach Ensemble en ensembles lykas Pygmalion, Le Concert d’Astrée, Cappella Amsterdam, Le Banquet Céleste en de Nederlandse Bachvereniging.

Alto Jonathan Mayenschein
Jonathan Mayenschein song as jonkje yn ferskate jeugdkoaren. Doe’t er alve wie, waard er lid fan it Windsbacher Knabenchor. Mei dat koar song er yn sawat fjouwerhûndert konserten yn Europa, de Feriene Steaten en Sina. By it Ensembles Sonat Vox beset er de posysje fan de earste countertenor.

Mear ynformaasje oer it konsert, de dirigint en de solisten is te finen op: nno.nu/concert/paasconcert.

NNO-konsert fia livestream en op telefyzje
It konsert op freed 26 maart is fan 16.00 oere ôf live te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De registraasje fan it konsert is op tongersdei 1 april om 21.00 oere op telefyzje te sjen.

maart 26, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.