Oprop Transpoesie yn Brussel

maart 13, 2021 08:46

It Transpoesie-projekt sette yn ’e hjerst fan 2011 útein yn Brussel, ta eare fan de Europeeske Dei foar Taal- en Linguistyske Diversiteit, dy’t elts jier fierd wurdt op 26 septimber.

As ûnderdiel fan dit projekt is der elts jier in poëtysk poadium dêr’t dichters út hiel Europa wei oan meidogge en elkoar en it publyk ynspirearje. Oft dat dit jier op lokaasje wêze sil of online, is no noch net te sizzen. De ôfrûne jierren hawwe Nyk de Vries en Elmar Kuipers it Frysk mei gloede fertsjintwurdige. De dichters ha op it evenemint foardroegen út harren wurk en ien fan harren gedichten wie te lêzen yn it iepenbier ferfier fan Brussel.

Wa’t gading meitsje wol nei in plakje op dit Brusselske, EU- en poëtysk poadium, moat him foar 11 april oanmelde troch oan it bestjoer fan it Skriuwersboun (bestjoer@skriuwersboun.nl) in mail te stjoeren mei in gedicht dat er dêr graach foardrage wol.

In ûnôfhinklike sjuery sil in kar meitsje út de oanmeldings en komme ta in foardracht oan de organisaasje fan Transpoesie.

Mear oer Transpoesie is hjir te lêzen: www.transpoesie.eu.

maart 13, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.