Oprjochter Twitter ferkeapet syn earste tweet
Resint ferskynd
- Regionale Enerzjystrategy Fryslân stap fierder 0
- Set in hantekening foar “it behâld fan de eigenheid fan regio’s” 1
- Priisfraach: toerisme sûnder barriêres yn Nederlânsk en Dútsk Waadgebiet 0
- Harkje nei ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch op Atlantikwall-lokaasjes 0
- Regear wol werom nei normaal yn seis stappen (mei datums!) 2
Oprjochter Jack Dorsey fan Twitter biedt syn earste tweet te keap oan. Leafhawwers kinne biede op in digitaal sertifikaat. Dêrmei wurdt it alderearste berjocht op it platfoarm offisjeel eigendom fan de keaper.
“Just setting up my twttr”, skreau Dorsy op 21 maart 2006. Op it koarte berjochtsje is ûnderwilens al inkelde tonnen bean fia in digitale feilingside. Hoewol’t it digitale berjocht foar elkenien te kopiearjen of del te heljen is, kin in persoan fia ‘blockchaintechnology’ in unike, oerdraachbere oantsjutting as eigner krije. Om te ferlykjen mei in fysike keunstsamling: elkenien kin in Monet-poster keapje, mar mar ien persoan kin it orizjineel hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje