Goedfreed op tv: Johannes-Passion troch de Nederlânske Bachferiening

maart 26, 2021 08:51

Op Goedfreed 2 april stjoert de NTR op NPO 2 de Johannes-Passion fan Johann Sebastian Bach út, útfierd troch de Nederlânske Bachferiening ûnder lieding fan de Flaamske dirigint René Jacobs. Foarôfgeand oan de registraasje praat Paul Witteman mei him oer syn kar foar de bysûndere ferzje út 1725 fan Bach syn passy. Op tongersdei 1 april is de opname fan de Johannes-Passion te hearren yn it NTR jûnskonsert op NPO Radio 4.

Nederlandse Bachvereniging (foto: ©Simon van Boxtel)

De Johannes-Passion klonk foar it earst op Goedfreed yn 1724 te Leipzig. Yn dy passy set Bach ferskate groepen foarinoar oer, lykas yn de aria ‘Mein teurer Heiland, laβ dich fragen’. De solist sjongt dêr in aria yn en it ensemble sjongt en spilet tagelyk in koraal. Dy technyk soe Bach letter fierder útwurkje yn de dûbelkoarige Matthäus-Passion. Nei dy earste útfiering yn 1724 joech Bach yn alle gefallen noch trije oare útfieringen. Foar de útfiering yn 1725 feroare Bach it stik yngripend. Dy twadde Johannes-Passion fiert de Nederlânske Bachferiening no út. Dy ferzje – dêr’t ûnder mear it strieljende, keninklike iepeningskoar en it optimistyske slotkoraal yn ferfongen waarden troch ynbanniger koraalbewurkingen – slút neffens René Jacobs goed oan by de aktuele situaasje yn de wrâld. Yn it ynliedende ynterview giet Paul Witteman nei de opnamen fan de Johannes-Passion yn de Grutte Tsjerke yn Naarden-Vesting ta en giet er yn petear mei Jacobs oer it emosjonele karakter fan dy passion.

De stilte ferbrekke
Foar ynwenners fan Leipzig dy’t yn 1725 op Goedfreed nei tsjerke gongen en dêr Bach syn Johannes-Passion hearden, wie dat de ein fan in strang muzikaal dieet. Yn de fêsteltiid – de fjirtich dagen foar Peaske – lei it iepenbiere libben foar it grutste part stil. Der wiene gjin festiviteiten, gjin konserten of teäterfoarstellingen en yn tsjerke klonken allinne liturgyske sangen sûnder ynstrumintale begelieding. De oargelist spile net, der klonken gjin kantates of oare mearstimmige muzyk. Dat klinkt no bekend. Wy moatte op dit stuit hast alle live muzyk misse. Better as ea kinne we ús yntinke hoe’t it field hawwe moat om op Goedfreed dy earste noaten fan it iepeningskoar te hearren.

Utstjoering: freed 2 april om 19.15 oere by de NTR op NPO 2 en tongersdei 1 april fan 20.00 oere ôf yn it NTR jûnskonsert op NPO Radio 4.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de útfiering fan de Johannes-Passion op bachvereniging.nl.

maart 26, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.