Offisjele iepening jubileumjier Steateseal

maart 4, 2021 08:28

Woansdei 3 maart wie it 125 jier lyn dat de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert yn gebrûk nommen waard. Om dat te fieren iepene de kommissaris fan de Kening Arno Brok ôfrûne woansdeitemoarn it jubileumjier. De kommissaris fan de Kening hâlde in taspraak oer de skiednis en betsjutting fan de seal. Dêrnei ûntbleaten de boargemasters fan Flylân en Skylge twa glês-yn-leadruten dy’t ta eare fan it jubileum ûntwurpen binne.

Foto: Provinsje Fryslân

Aktiviteiten
Der wurdt yn it jubileumjier, dat op 3 maart 2022 einiget, op ferskate mominten omtinken oan it 125-jierrich bestean fan de seal jûn. Gewoanwei is de Steateseal allinne iepen by gearkomsten fan Provinsjale Steaten en offisjele ûntfangsten en spesjale rûnliedings. Yn it jubileumjier sil de seal foar publyk faker tagonklik wêze. Sa kinne ferienings en organisaasjes de histoaryske debatseal brûke om gear te kommen. Boppedat is it ynkoarten foar elk mooglik om in firtuele toer troch de seal te meitsjen. Kommend jier wurdt ek in wedstriid útskreaun foar ien bysûnder houlik, te sluten troch de kommissaris fan de Kening.

De kommissaris fan de Kening: “It 125-jierrich bestean fan de Steateseal is in moai momint om werom te sjen, mar benammen ek in momint om nei de takomst te sjen. De seal is it demokratysk hert fan de provinsje en is der foar alle ynwenners fan Fryslân. De seal is boppedat ien fan de moaiste monumintale romten yn ús provinsje, dêrom wurdt de Steateseal yn dit jubileumjier foar ferskate gelegenheden foar de mienskip iepensteld.”

Eftergrûn
Op 3 maart 1896 iepene de doetiidske kommissaris fan de Keninginne Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten de Steateseal. De debatseal is sûnt dy tiid it middelpunt fan it provinsjaal bestjoer. De seal fertelt it ferhaal en toant de krêft fan de Fryske mienskip. Spesjaal foar dit jubileumjier hat de provinsje oan keunstneres Annet Midwoud opdracht jûn om twa glês-yn-leadruten mei de wapens fan Flylân en Skylge te ûntwerpen. Yn de tolve glês-yn-leadruten dy’t de Steateseal ryk is, binne de wapens fan ferskate Fryske gemeenten te sjen. Flylân en Skylge misten lykwols, omdat de twa Waadeilannen earst yn 1942 by Fryslân foege waarden.

maart 4, 2021 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.