Nuvere kostgongers
Resint ferskynd
De geregelde lêzers fan It Nijs witte wol dat ik graach yn âlde tydskriften sneupe mei. Okkerdeis beseach ik De Strikel, kultureel moanneblêd. Dat begûn yn 1958 te ferskinen en is letter yn De Moanne opgien. Fedde Schurer hie dêr in fêste rubryk yn, ‘By ljochtmoanne’. Dêr reagearre er yn op aktuele saken.
Yn ûndersteand stikje, dat ik út ien fan de nûmers kopiearre ha, spuit er raar guod oer mr. G.A. Bontekoe, dy’t fan 1938 oant 1965 boargemaster fan Eaststellingwerf wie, mar dy’t it te bûnt makke hie. Sa te lêzen yn it kommentaar fan Schurer wie de gemeente op siik nei in nije amtner. Hoewol’t in treddepart fan de ynwenners fan Eaststellingwerf it Frysk as memmetaal hat, hie de boargemaster as funksje-eask yn de advertinsje sette litten dat de amtner dy’t socht waard ‘geenszins’ kennis fan it Frysk hoegde te hawwen. Kostlik hoe’t Schurer dêrop reagearret.
Jangerben
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje