Noardeast-Fryslân: Fryske plaknammen en nije flagge allebeide fan ‘e baan

maart 12, 2021 10:57

It goedkarde ûntwerp fan de nije flagge fan Noardeast-Fryslân

Aant Jelle Soepboer is dûm. It FNP-riedslid yn de gemeente Noardeast-Fryslân kin der net oer út dat de Hollânske plaknammen yn de gemeente de offisjele bliuwe. De gemeenteried hie besletten om de Fryske de offisjele status te jaan, mar fynt de omneaming dochs te djoer en wol no earst de miening fan de ynwenners witte.

Soepboer seit dat er ‘mei stommens slein is’ omdat de PvdA en de Grienen nei it nimmen fan it beslút mails nei de doarpsbelangen stjoerd hawwe om harren miening te freegjen. De FNP hat sels in mail omstjoerd mei ynformaasje oer de wiziging. Neffens de FNP wie dy bedoeld om misferstannen wei te nimmen.

It riedsbeslút oer in nije flagge wurdt ek oanpast. Der kamen klachten fan de organisaasje CIDI, dy’t fûn dat de stjer op ‘e flagge assosjaasjes oprôp mei de joadestjer út de Dútske besetting.

maart 12, 2021 10:57
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. wim maart 12, 18:59

    En omdat in soad minsken tinke dat de nammewiziging in soad jild kostet sil it wol net trochgean. Mar neffens my wie it sa dat de buorden fanwege de neie gemeentenamme (stjit op it buord) sawiese oanpasse wurde moasten. De FNP soe der goed oan dwaan om dúdlik te meitsjen dat dat sa is. Oars kreist miskien op een ‘wilt u de Nederlandse naam behouden’-fraach miskien unnedich faak ‘ja’.

  2. Lb maart 15, 07:48

    Frysk is djoer, dy trúk koene wy ommers al?

  3. Sybren maart 15, 09:46

    Sille we erkend in Crowdfunding opstarte?

  4. wim maart 15, 12:16

    Op https://www.lc.nl/friesland/Noardeast-Frysl%C3%A2n-krijgt-Friese-plaatsnamen-26002458.html stjit dit: “De komborden worden overigens pas vervangen zodra ze aan vervanging toe zijn. Dat kan in sommige gevallen nog best even duren.”

    Mar ûnder de reaksjes op Facebook hearsket de gedachte dat it in soad jild kostet. Wêrtroch ek Frysktalige Friezen it minder fiene. De gemeente soe dy soargen fuort helje moatte, dan bist al in soad nee-stimmers kwyt.

  5. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân maart 15, 16:10

    Bêste allegearre,

    Ut de ried fan Noardeast-Fryslân wei kaam by ús de fraach oft wy ek wat sizze koene oer de totale kosten fan de ferfrysking. Fansels tinke goede riedsleden ek nei oer de kosten.

    Nei yngreven rekkenjen komt ús wurkgroep op basis fan de ferfrysking by de eardere gemeenten en hjoeddeistige prizen op in bedrach fan tusken de 230 en de 250 tûzen euro. Dêr binne alle kosten fan Gemeentlike Basisadministraasje oant it ôfskriuwen op hânwizers ensfh. yn meinaam. Sels de montaazje fan de hânwizers en oare amtlike tiid is besifere. Boppedat hawwe wy it hjir oer de ferfrysking fan eins trije gemeenten: East- en West-Dongeradiel en Kollumerlân.

    Dat totaal bedrach is de helte of in tredde fan wat no “op ‘e skille” omgiet. Mar as de gemeente it tsjil sels útfine wol, komme jo op hegere bedraggen. No krije gemeenten by in weryndieling fansels friksjejild om soksoarte problemen op te lossen. Dat jild is wier net allinne bedoeld om oerstallige amtners út te keapjen. Mar om no 2 oant 3 kear tefolle te beteljen is ek wer skande.

    Ik soe sizze gemeente Noardeast-Fryslân dat ferskil is gau in tillefoantsje wurdich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.