No snein Klimaatalaarm yn Ljouwert

maart 10, 2021 08:11

De klimaatkrisis is de grutste útdaging fan ús tiid. Dêrom slacht de Klimaatkrisis Koälysje it Klimaatalaarm, trije dagen foar de ferkiezingen. Elkenien wurdt útnûge foar it Klimaatalaarm op snein 14 maart fan 13.30 oant 15.00 oere op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Oanmelde kin fia de webside klimaatalarm2021.nl.

De inisjatyfnimmers wolle der mei-inoar foar soargje dat elkenien foar it klimaat kiest. Sy wize derop dat ek yn Fryslân in earliker en krêftdiediger klimaatbelied hurd nedich is.

Foto: Klimaatkrisis Koälysje

De organisaasje easket trije dingen:

1) Lit it Waad net oerstreame!
De opwaarming fan de ierde hat grutte gefolgen foar ús wichtichste wrâlderfgoed: de Waadsee. Troch de stiging fan de seespegel rint it Waadgebiet it risiko om der folslein ûnder te strûpen. Nettsjinsteande de stiging fan de see geane de gasboarrings ûnder it Waad noch hieltyd troch, mei fan gefolgen boaiemdelgong en miljeuskea. Sa giet in unyk natuergebiet ferlern. De inisjatyfnimmers easkje dat gasboarrings ûnder de Waadsee ophâlde en dat ús wrâlderfgoed de Waadsee beholden bliuwt.

2) Behâld it feangreidegebiet: ús Fryske ‘reinwâld’
Feangreidegebieten binne, krekt as it tropysk reinwâld, in tige wichtige natuerlike opslach foar CO2. Mar yn Fryslân stjitte de feangebieten just in soad CO2 út. Dat komt trochdat foar de hjoeddeiske lânbou it grûnwetterpeil keunstmjittich leech holden wurdt. Dat soarget foar klimaatferoaring, boaiemdelgong, it minder wurden fan wetterkwaliteit en in efterútgong fan it bioferskaat. De skea is sa grut dat fuortdaliks opholden wurde moat mei it ûntwetterjen fan de feangreide.

3) Meitsje de enerzjytransysje wer lokaal
Fryslân is koprinner as it giet om it tal enerzjykoöperaasjes. Tagelyk is mear as trijefearn fan de sinneparken yn hannen fan bûtenlânske bedriuwen. De inisjatyfnimmers wize derop dat dy mei it subsydzjejild oan ’e haal geane en oandielhâlders de winsten opstrike, wylst ús lânskip troch al dy sinneparken ferknoeid wurdt. De organisaasje fan #klimaatalaarm wol dat de transysje nei duorsume enerzjy yn hannen komt fan ús eigen enerzjykoöperaasjes. Sa kinne de opbringsten yn de mienskip en yn echte ferduorsuming ynvestearre wurde.

Op snein 14 maart is op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, fan 13.30 oant 15.00 oere in ynspirearjend programma fan sprekkers en passende muzyk, mei ûnder oaren Lutz Jacobi fan de Waadferiening, de Fryske wittenskipper Theunis Piersma, en Nynke Laverman, Piter Wilkens en Syb van der Ploeg as meiklimaatstriders en sjongers.

Rûnom yn Nederlân

It Klimaatalaarm wurdt sneintemiddei net allinnich yn Ljouwert slein mar rûnom yn Nederlân. Sjoch hjirre foar ynformaasje oer eveneminten op 44 plakken. Thús kin likegoed meidien wurde. Folgje foar fierder nijs en it online alternatyf ek it Facebook-evenemint.

De organisaasje hâldt him op 14 maart oan de jildende koroanamaatregels. Der wurdt oardel meter ôfstân holden en minsken drage in mûlekapke.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje: klimaatmars2021.nl/doe-mee.

De Klimaatkrisis Koälysje
It Klimaatalaarm is in inisjatyf fan de Klimaatkrisis Koälysje. Dêr wurkje Miljeudefinsje, FNV, Greenpeace, DeGoedeZaak, Extinction Rebellion, Code Rood, Fridays For Future, Fossielvrij NL, Oxfam Novib, De Woonbond en Grootouders voor het Klimaat yn gear.

De Klimaatkrisis Koälysje hat mienskiplik trije doelen formulearre:

  1. ferkiezingen beynfloedzje;
  2. draachflak kreëarje;
  3. beweging bouwe.
maart 10, 2021 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.