Nije poëzijfideo fan Nyk de Vries by gedicht ‘Asman/Jiskeman’

maart 2, 2021 08:51

Ofrûne snein gie op Omrop Fryslân TV de tredde fan in searje poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De tredde poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Asman/Jiskeman’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra wurde sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier sille der ferskillende poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop FryslânTV.

‘Asman’ is skreaun ta eare fan 150 jier stedsreiniging yn Ljouwert foar Poëzierûte Ljouwert. Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Leewarders: Anne Feddema. Oersetting nei it Ingelsk: David Colmer. De fideo is mei ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.

It gedicht ‘Asman/Jiskeman’ is hjir te lêzen.

maart 2, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.