Nije grammatika fan it Noard-Frysk op ynternet

maart 10, 2021 17:33

It Nordfriisk Instituut hat op ‘e nij in grammatika fan in Noard-Frysk dialekt iepenbier makke. It giet diskear om it dialekt Mooring, dat praat wurdt yn it sintrum fan Noard-Fryslân. It is ien fan ‘e fitaalste dialekten. Earder makke it Nordfriisk Instituut, dat him sterk makket foar it Frysk sa’t dat yn it Dútske Noard-Fryslân brûkt wurdt, al in grammatika fan it Fryske dialekt fan it eilân Feer. Fan it Mooring is koartlyn ek in online-wurdboek ferskynd.

De Dútsktalige Friesische Gebrauchsgrammatik Mooringer Frasch hat 180 siden. It boek is beskikber yn pdf. It is skreaun troch Antje Arfsten, Anne Paulsen-Schwarz en Lena Terhart. It is ornearre foar in breed publyk.

De nije grammatika is hjir te finen: link.

maart 10, 2021 17:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.