Nij enerzjylabel mei oare kritearia op apparaten

maart 2, 2021 08:53 Fernijd

Ofbylding: pixabay.com

In protte apparaten mei in grien enerzjylabel dy’t earder heech op duorsumens skoarden, skoare tenei in stik minder. Foar kuolkasten, waskmasines, ôfwaskmasines, telefyzjes en djipfriezers jildt tenei in nij etiket mei oare kritearia. In kuolkast dy’t earder noch in label A+++ hie, kin no yn kategory F falle.

It foarige enerzjylabel wie tsien jier âld en oan ferfanging ta. Alles siet hast op it heechste nivo, fabrikanten moatte no mear har bêst dwaan om mei harren apparaten oan de sunichheidseasken te foldwaan. Nijere waskmasines hawwe tsjintwurdich allegear in sunige ekostân. Oft it apparaat yn gebrûk echt sa sunich is as it etiket seit, hinget ek fan de brûker ôf. As dy net foar de ekostân kiest, dan giet it ferbrûk ek omheech.

Foar lampen komt letter dit jier ek in nij enerzjylabel.

maart 2, 2021 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.