Nederlân hâldt út foarsoarch op mei ynintsjen mei AstraZeneca-faksin

maart 15, 2021 08:52

Nederlân hâldt út foarsoarch twa wike op mei it ynintsjen mei it faksin fan AstraZeneca. Dat is oant en mei snein 28 maart, berjochtet it ministearje fan Fôlkssûnens. De ôfrûne dagen stelden ferskate lannen it tatsjinjen fan it faksin ek al út, fanwege berjochten fan tromboaze nei in prip.

Foto: pixabay.com

Medisynautoriteit CBG hat de tydlike faksinaasjestop oanbefelle en minister De Jonge fan Folkssûnens nimt dat advys oer. Neffens it ministearje is dit wykein nije ynformaasje beskikber kaam. Der binne seis meldingen fan mooglike bywurkingen út Denemarken en Noarwegen.

It giet om slimme, seldsume ferskynsels fan stolselfoarming (tromboaze) en in ferlege tal bloedplaatsjes by folwoeksenen ûnder de fyftich jier. It CBG seit dat der noch gjin ferbân oantoand is tusken it faksin en de meldingen. Dêr wurdt op it stuit ûndersyk nei dien.

Minsken dy’t mei it faksin yninte binne, wurdt oanret om fuortdaliks kontakt op te nimmen mei in dokter as se trije dagen nei de spuit blauwe plakjes yn ’e hûd krije of sykteferskynsels mei dêrby ûnferwachte of ûnbekende klachten. De 43.000 ôfspraken dy’t al makke binne foar ynintingen mei it AstraZeneca-faksin wurde ôfsein. De GGD’s brûkten it faksin foar it ynintsjen fan soarchmeiwurkers yn de soarch foar langere tiid. It faksin wurdt ek fia húsdokters ynset by minsken fan sechtich oant 64 jier, minsken mei it syndroom fan Down, minsken mei morbide obesitas en pasjinten yn de geastlike sûnenssoarch.

De maatregel hat gjin gefolgen foar plende ynintingen mei de faksins fan BioNTech/Pfizer of Moderna.

maart 15, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer maart 16, 13:38

    It net faksinearjen mei Astra-Zenica yn in grut part fan ‘e Europeeske Uny soe wolris sûnder dit oan te tsjutten foar in diel in geopolitike reden hawwe kinne. Troch breksit is de ferhâlding tusken de Europeeske Uny en it Feriene Keninkryk, wêr it A.Z.-faksin weikomt miskien in bytsje min. Earst wiene der problemen mei leverjen en
    no der wat berjochten oer Tromboase en Anafylaksy binne binne in soad E.U.-lannen rap begûn mei it stoppen te faksinearjen mei A.Z. It F.K. leit dy berjochten oan ‘e kant en bliuwt faksinearjen. De wrâldsûnensorganisaasje docht dat ek.
    Troch dit stoppen duorret it langer foardat der groepsymuniteit is en kin de koroana tanimme mei alle gefolgen.. Yn it F.K. nimt dy goed ôf.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.