Muzyk fan Golden Earring op kariljon Dokkum

maart 9, 2021 08:14

Nei oanlieding fan it spyljen fan muzyk fan de Rolling Stones op it kariljon fan it stedhûs yn Dokkum, is beierdier Auke de Boer troch Audrey Doornbos, in trouwe Golden Earringfan, frege om mei te dwaan oan in lanlike aksje. It is de bedoeling om op de jierdei fan George Kooymans, oprjochter en gitarist fan de band, de wrâldferneamde hit Radar Love út alle mooglike lûdsprekkers en ynstruminten klinke te litten. It each is ek op de kariljons fallen. De stedsbeierdier Auke de Boer is ree fûn om dêroan mei te wurkjen.

Auke de Boer (foto: Gemeente Noardeast-Fryslân)

Lykas bekend is der ynienen in fertrietlik ein kommen oan de legendaryske Nederlânske rockband Golden Earring, mei’t George Kooymans troch de spiersykte ALS net mear optrede kin. In grut en spektakulêr ôfskiedskonsert sit der net mear yn. Dêrom dat troch de trouwe efterban fan fans it inisjatyf nommen is om de jierdei fan Kooymans op tongersdei 11 maart lanlik te fieren.

Auke de Boer, ek beierdier fan de Martinitoer yn Grins, sil dy deis om 17.15 oere út de Martinitoer en op freed 12 maart om 15.00 oere út it stedhûs yn Dokkum wei it nûmer Radar Love hearre litte. En net allinnich dat nûmer, mar hy sil in folslein konsert fan likernôch tritich minuten jaan.

De Boer sil spylje: ‘Another 45 miles’, ‘Just a little bit of peace in my heart’, ‘Twilight Zone’, ‘Going to the run’, ‘That day’, ‘Long Blond Animal’, ‘Weekend love’, ‘Why do I’, ‘Pouring my heart out again’ en ‘Dong-dong-di-ki-di-gi-dong’.

maart 9, 2021 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.