Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde?

maart 5, 2021 11:58

Foto: Markus Spikse, Unsplash

Der is in grutte hûzekrapte yn Nederlân. Dy spilet benammen yn ‘e Rânestêd. De gemeente Ljouwert hat útsteld om tusken de fiif- en tsientûzen wenten te bouwen, benammen yn it spoargebiet efter it stasjon. De Ljouwerter Krante hat praat mei de Ljouwerter wethâlder Friso Douwstra, dy’t seit dat it hurd nedich is om ekstra minsken nei Fryslân ta te heljen. Douwstra seit dat der krapte op ‘e arbeidsmerk wankt.

It is allinne de fraach oft soks kin. Nederlân hat it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden ûnderskreaun en de Friezen as nasjonale minderheid erkend. Yn kêst 16 fan dat ferdrach stiet:

“De partijen dogge neat dat de befolkingsgearstalling feroaret yn de gebieten dêr’t leden fan de nasjonale minderheden wenje, as dat rjochte is op de beheining fan de rjochten en frijheden dy’t fuortkomme út de prinsipes yn dit Ramtferdrach.”

It is de fraach oft it bewust ynheljen fan tsientûzenen minsken fan bûten Fryslân de befolkingsgearstalling neffens it Ramtferdrach net te bot feroaret. Dat mei allinne as it de rjochten fan de Friezen net oantaast. No al is lykwols te sjen dat gemeenten dêr’t in protte net-Frysktaligen wenje, it Frysk bewust op in twadde plak sette. Dat fernimme benammen ynwenners fan de eardere gemeenten Littenseradiel en Boarnsterhim dy’t troch de gemeentlike weryndielings no yn de gemeente Ljouwert wenje.

De gemeente Ljouwert set it Nederlânsk op it foarste plak. Dat hat te krijen mei de dominânsje fan it Nederlânsk, skriuwt Omrop Fryslân al yn 2018. De Omrop sitearret de doetiidske wethâlder Sjoerd Feitsma, dy’t útleit dat gemeente-amtners, oars as yn de eardere plattelânsgemeenten, de telefoan net yn it Frysk opnimme. Feitsma seit: “Mar it is net sa dat de telefoan ek automatysk yn it Frysk opnommen wurdt. Wy fine dat we ús oanslute moatte by wat de mearderheid fan dizze gemeente sprekt en dat is it Nederlânsk.”

As in noch Nederlânsktaliger Ljouwert de Frysktaligens noch fierder beheint, mei men jin ôffreegje oft Ljouwert wol in belied fiere mei dat derop rjochte is om in grutte groep net-Frysktalige minsken nei Fryslân ta te heljen.

maart 5, 2021 11:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Th. Dykstra maart 10, 10:35

    Fryslân wol in ynklusive mienskip wêze.
    Dat bestjut dat nijynkommers it Frysk ek leare (op syn minst ferstean en lêze kinne). In dúdlike taak ek foar it ûnderwiis op alle skoallen.
    It kin net sa wêze dat gastfrijen betsjut dat it Frysk net mear brûkt wurde kin en mei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.