Mei dit nije middel komt de plysje tenei fanwegen tsjin beljende automobilisten

maart 5, 2021 10:49

Foto: Unsplash (@aranprime)

Oft jo no beljeskilje of telefonearje sizze: efter it stjoer mei it net. Yn ‘e auto net, op ‘e motor net en op ‘e fyts ek net. Dat is yn jo belang en yn dat fan it oare ferkear, want minsken kinne harren net goed op it ferkear konsintrearje as se in telefoan oan it ear hawwe. Tekstberjochten ferstjoere, ynternetsurfe of fideo’s besjen mei ek net. De telefoan mei op ‘t alderheechst yn in hâlder, dat jo mei in mikrofoan mei in oar prate.

Dy regel hâldt lang net elkenien him oan, ta argewaasje fan oaren, dy’t wer ris sa’n swabberjende, te stadich ridende auto ynhelje moatte of hast oanriden wurde troch in fytser mei in telefoan yn ‘e hân. En de slimste gefallen neame wy noch net ienris.

De plysje komt no fanwegen. Al in hoart binne telefoansneupers yn gebrûk: kamera’s mei programmatuer dy’t útmeitsje kin of ien in telefoan beet hat. Se wurde ynkoarten op grutte skaal yn de Noard-Nederlânske provinsjes yn gebrûk nommen. Dy’t trappearre wurdt, moat ta de bûse: de boete is 340 euro, ek as men de telefoan allinne efkes brûkt om te sjen hoe let oft it is.

Folslein goed giet it nammers noch net mei de telefoansneupers. Yn Hollân binne se al in pear jier yn gebrûk en in automobilist dy’t seit dat er allinne syn beurs beet hie, krige yn 2017 in boete foar it beethâlden fan in telefoan ûnder it autoriden. De foto’s wurde altyd noch troch minsken besjoen foardat der wier in boete útskreaun wurdt, mar de man, Stephan Jansen, seit dat dy it ferkeard sjoen hat.

De telefoansneupers meitsje fan boppen ôf opnamen fan autoriders. Se steane almeast op fiadukten, sadat se goed sjen kinne oft de persoan efter it stjoer wat yn ‘e hannen hat.

maart 5, 2021 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.