MartiniPlaza bêste kongreslokaasje fan Nederlân
Resint ferskynd
MartiniPlaza is troch besikers en organisatoaren ferkeazen ta bêste kongreslokaasje fan Nederlân. Willem de Kok, direkteur fan MartiniPlaza, is grutsk op dizze priis fan Meetings. “It winnen fan de priis giet net allinnich oer de prestaasjes yn it ôfrûne jier, mar foar it hiele pakket dat MartiniPlaza al jierren biedt. It is ek in beleaning foar ús hiele tiim en te tankjen oan de ynspanningen fan de ôfrûne jierren.”
Utrikking prizen
Yn jannewaris ’21 waard bekendmakke dat MartiniPlaza de regionale titel foar bêste kongreslokaasje fan Noard-Nederlân wûn hat. Tiisdei 16 maart kaam in ôffurdiging fan it Meetings-platfoarm persoanlik nei Grins om bekend te meitsjen dat de evenemintelokaasje ek de lanlike titel wûn hat. Ut de stimmen komt nei foaren dat besikers en organisatoaren tige te sprekken binne oer de kongresfasiliteiten, hoareka, kwaliteit en fleksibiliteit en it personiel dat foar gastfrijheid soarget.
Organisearje yn Noard-Nederlân
Grins heart neffens it Nederlands Bureau voor Toerisme & Congressen ta de top 5-posysje yn de kongreswrâld fan Nederlân. Fanwege it koroanafirus wurdt de evenemintesektor hurd rekke. MartiniPlaza hopet dat de titel bydraacht oan it takomstperspektyf. Ferbettering fan de kongresmerk sil nei alle gedachten jierren duorje. “Namste wichtiger om MartiniPlaza en foaral ek Grins no noch promininter op ’e kaart te setten as perfekte lokaasje foar lytse en grutte kongressen”, seit Willem de Kok.
De Meetings-prizen
De titel wurdt sûnt 2006 alle jierren útrikt oan de bêste eveneminte- en konferinsjebedriuwen en -lokaasjes troch it Meetings-platfoarm ûnder de namme Meetings Awards.
Mear ynformaasje is hjir te finen: www.martiniplaza.nl/beste-congreslocatie-van-nederland.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje