Marsrover Perseverance rydt earste meters
Resint ferskynd
It Amerikaanske Marsweintsje Perseverance hat syn earste meters op de reade planeet riden. NASA publisearre in foto dêr’t de bannespoaren yn de reade ûndergrûn goed op te sjen binne. “Dit is it begjin, der sille noch in protte bannespoaren folgje!”, twittere it akkount fan Perseverance.
I’m on the move! Just took my first test drive on Mars, covering about 16 feet (5 meters). You’re looking at the very beginning of my wheel tracks. Many more to make. pic.twitter.com/7tFIwWFfJ4
— NASA’s Perseverance Mars Rover (@NASAPersevere) March 5, 2021
De Marsrover ried yn totaal 6,5 meter. Neffens NASA ferrûn it ritsje fan in healoere poerbêst. De kommende oeren sil it karke noch wat meveuvels útfiere. Alle dagen kin Perseverance sa’n 200 kilometer ride, mar foar’t dat barre kin wol NASA kontrolearje oft alles oan board goed wurket. Perseverance kaam op 18 febrewaris oan op Mars.
It doel fan Perseverance is om in mooglik miljarden jierren lyn opdrûge delta te finen. Dêr sil it apparaat nei spoaren fan wetter en primityf libben sykje. It is noch net wis hokker rûte it karke ride sil: ien dy’t makliker is, of ien dêr’t mooglik nijsgjirrige rotsformaasjes te finen binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje