Maitiid

maart 24, 2021 10:03

Yn syn fers ‘Maitiid’ leit de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, in relaasje tusken bioferskaat en taalferskaat, oer hoe’t it yngripen yn it lânskip gefolgen hat foar beide. It is it tsiende gedicht fan de Dichter fan Fryslân.

Maitiid

Hoefolle wurden ha we noadich
om ús wrâld te beskriuwen?

Hoefolle wrâld ha we noadich
om ús wurden kleur te jaan?

Hoe effen moat it wurde
foar’t we hearre wat we misse?

Juster rûn ik troch it stille fjild
en begriep
dat it wol tiid wie

om de died
by it wurd te dwaan

Nyk de Vries | Dichter fan Fryslân

maart 24, 2021 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.