Lykwicht en harmony

maart 7, 2021 08:03

Oertinking

Troch te folle besonjes, te min om hannen te hawwen, te folle oan oaren te tinken, te min foar jinsels op te kommen, te folle yn ’e holle te sitten en te min mei jins gefoel rekken te hâlden, kinne minsken út balâns reitsje. Troch min nee sizze te kinnen, bang te wêzen om oaren teloar te stellen en gjin dúdlike grinzen te lûken, bestiet de kâns dat de minske út syn lykwicht rekket. Té folle en té min kinne ta disharmony liede en oarsaak wurde fan alderhande klachten.

Meastal is it foar de omjouwing al earder dúdlik dat sa’nien net goed yn syn fel sit. De sinjalen om wat mear yn harmony te kommen – mei jinsels, mei de oar en mei de wrâld om jin hinne – wurde faak út eigen belutsenens en ferantwurdlikheid foar it dwaan en litten net heard. Untspanning en ynspanning reitsje sa út balâns. It lichem jout ek faak al langer oan dat der sprake is fan net optimaal funksjonearjen.

By it ferliezen fan it lykwicht kinne ferskillende faktoaren in rol spylje lykas it maatskiplike (de libbens- en wurkomjouwing), it psychyske (belestberens, kwetsberens), it lichaamlike (sykte, ynfaliditeit) en it ekstinsjele (fyzje op sin fan it libben). As gefolch fan dy kompleksiteit is ûnbalâns net maklik te beneamen. Sawol it iene as it oare hat syn ynfloed op sinjaan en sinbelibjen. Neigeraden ús ynsicht tanimt wurdt it makliker om de ûnderlinge gearhing troch te krijen. De minske is dan ek in sosjo-psychosomatysk sinjaand wêzen.

Wat langer wat mear wurdt wearde takend oan it eksistinsjele, in libbensbeskôchlik ynsjoch op it minsklik bestean. Sûnder sinjaand ramt is de minske in stjoerleas skip. Hoe’t immen yn it libben stiet – de fyzje op minske en mienskip – is mei fan ynfloed op in harmonieus minske-wêzen. De relaasje mei it eksistinsjele, hoe’t elkenien de sin fan it libben belide en belibje wol, spilet as faktor fan algemien wolbefinen tige mei: de minske dwaandewei sykjend nei lykwicht en harmony.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

maart 7, 2021 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.