LTO: mear lânbougrûn nedich foar maatskiplike winsken

maart 8, 2021 08:47

Jou boeren en túnkers de romte om merk, klimaat en bioferskaat te betsjinjen. Yn syn Grûnfyzje 2021 konstatearret LTO Nederlân dat de lân- en túnbou mear grûn nedich hat om mear maatskiplike tsjinsten leverje te kinnen. LTO pleitet dêrom foar de oanwinning fan nij lân, snoader gebrûk fan de romte dy’t der is, en bettere beskerming fan it lânbou-areaal.

Ofbylding: LTO Noard

Nij lân
De skiednis fan Nederlân is in skiednis fan nij lân oanwinnen. LTO stelt foar om serieus en yngeand te ûndersykjen hoe’t we yn Nederlân fierder kinne, no’t it alwer in heale iuw lyn is dat de lêste Flevopolder drûchlein waard. Lânwinning yn bygelyks de Noardsee hoecht net allinnich te’n tsjinste fan de lân- en túnbou te stean. De stêdebou, rekreaasje en natuer sille der ek baat by hawwe.

Better gebrûk besteande romte
In protte boeren en túnkers leverje neist sûne en griene produkten ek maatskiplike tsjinsten. Bygelyks agrarysk natuerbehear troch goed 10.000 ûndernimmers, mar ek wetterberging, enerzjywinning, soarch en rekreaasje. Troch sokke tsjinsten te fergoedzjen wurdt it foar motivearre ûndernimmers nijsgjirrich om harren grûn frijwillich mearfâldich te brûken. Sa wurdt snoader omgien mei de krappe romte dy’t der is.

Fierder is der in grut ferlet fan in struktuerympuls. Gebiet foar gebiet opknappe, sûnder grutskalich ‘omploegjen’, mar mei moderne technology lytse en gruttere ferbetteringen oanbringe yn ferkaveling, wetterhúshâlding en (kennis)ynfrastruktuer. Dêr moat yn de kommende kabinetsformaasje inkelde miljarden foar reservearre wurde.

Taak nij kabinet: betrouwen yn minsken
In stikmannich wichtige punten út de Grûnfyzje 2021 freegje in wat mear stjoerende rol fan de sintrale oerheid. Krusjaal is wol dat der betroud wurdt op de skeppende krêft fan boargers en bedriuwen. Harren belutsenheid is keppele oan de natuerlike ekonomyske en sosjale aktiviteit yn Nederlân, en dêrmei oan in suksesfolle realisaasje fan in better gebrûk fan grûn en romte.

Lês hjir de Grûnfyzje 2021 en de wichtichste útkomsten út de enkête dy’t troch 3.300 leden fan LTO Nederlân ynfolle is.

maart 8, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.