Lot fan Puigdemont nei opheffen ûnskeinberens yn Belgyske hannen

maart 10, 2021 11:22

Foto: regear fan Kataloanië

It is mooglik dat de Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont oan Spanje útlevere wurdt. Justysje yn Spanje wol him berjochtsje foar it misbrûken fan oerheidsjild en it feroarsaaskjen fan reboelje. Neffens de Belgyske abbekaat fan Puigdemont is de kâns lykwols lyts dat Puigdemont ynkoarten yn in Spaanske sel sit.

Unskeinberens

Nei it referindum oer Katalaanske ûnôfhinklikens flechte Puigdemont yn 2017 nei België. Dat lân woe him net oan Spanje útleverje, ek omdat er as lid fan it Europeesk Parlemint net ferfolge wurde kin. Dy ûnskeinberens is dizze wike lykwols yn in stimming troch in mearderheid fan it Europeesk Parlemint opheft.

Dat jildt net allinne foar de ûnskeinberens fan Puigdemont, mar ek foar dy fan Clara Ponsati en Toni Comín, dy’t ek socht wurde foar harren rol yn de organsiaasje fan it referindum.

Minskerjochten

Yn Fryslân hat de FNP him fûl tsjin it opheffen fan de ûnskeinberens fan ‘e politisy útsprutsen. FNP-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten Sybe Knol seit: “It is net te leauwen. It Europeesk Parlemint stiet mei it warskôgjend fingerke foaroan as it giet om de minskerjochten yn Wyt-Ruslân of Sina, mar as it om Spanje giet, seit Europa: gean jim gong mar.” De partij hold tiisdei in demonstraasje foar it Provinsjehûs yn Ljouwert.

“Gjin earlik proses”

Al foardat Puigdemont lid fan it Europeesk Parlemint wie, wegere België om him oan Spanje út te leverjen. De kâns dat dat no wol barre sil, is neffens Puigdemont syn abbekaat dêrom lyts. Boppedat hat Puigdemont buorkundich makke dat er by it Europeeske hof fan justysje yn Lúksemburch yn berop giet tsjin de opheffing fan syn ûnskeinberens. Dat proses sil nei ferwachting jierren duorje. Puigdemont syn abbekaat hat de Belgyske oerheid frege om yn ôfwachting dêrfan it útleveringsfersyk net yn behanneling te nimmen. Hy ferwachtet dat België dat fersyk ynskewiele sil.

Dêr komt by dat it Belgyske rjochter koartlyn de útlevering fan in oare hege Katalaanske politikus oan Spanje ferbea. It gie doe om de eardere minister fan kultuer fan Kataloanië, Lluís Puig. Neffens de Belgyske rjochter wie it oanhâldingsbefel dien troch in Spaanske ûndersyksrjochter dy’t dêr it rjocht net ta hie en ferwachte de rjochter dat dy yn Spanje gjin earlik proses krije soe.

maart 10, 2021 11:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.